Eelke Lok is…...
….. mei pensioen. Mar noch net útteld. Dus:
Yn te hieren foar sjoernalistiek wurk, mar ek foar it lieden fan foarums
of in deifoarsittersskip. Of it hâlden fan in ynliedinkje. Ik mei it allegear graach dwaan.
Op de side kontakt stiet hoe’t je mei my yn kontakt komme kinne.
Op de side ikke stiet wa’t ik bin.
En op de siden kollums stean myn kollums sa’t ik dy no woansdeis en sneons hâldt foar Omrop Fryslân Radio.
Op de side Groot Sneek stean de kollums dy’t ik skriuw, ien kear yn de moane, foar it blêd Groot Sneek.
Lyksa fansels dy fan Groot Heerenveen
Yn de rybryk Fryslân stean de kollums dy’t ik skrtiuw foar it histoaryske tiidskrift Fryslân fan it Keninklik Frysk Genoatskip foar skiednis en kultuer.
Ik bin ek ree om it tal pagina’s te te fergrutsjen….
Op dei dat ik mei pensioen gie, septimber 2015, hat Gurbe Douwstra dit liet song op de musyk fan Old and wise fan the Alan Parsons Project. Gurbe en Bart Kingma stean foar de wurden, dy’t de geast fan dizze webside fertelle.
Ald en wiis
Sa fier as myn eachweid rikke kin
sjoch ik dat ‘k nea allinnich bin
En oan wa’t ik ea ferliet, wol ‘k ien ding noch wol kwyt
Ik diel noch al myn Lok mei jim
myn leafde en myn striid
En aansen bin ik âld en wiis
Sil it soer my net mear smeitsje
Kin de stoarm my net mear reitsje
En wa’t aanst, op in diiz’ge dei
My ris freget: ‘hiesto freonen?’
Dan witst it al, do wiest in freon fan my
En myn eagen ljochtsje yn it griis
want ik bin âld en wiis
Sa fier as myn eachweid rikke kin
sjoch ik dat ‘k nea ferjitten bin
En oan wa’t my aanst ferliest, wol’k ien ding noch wol kwyt
Jim hâlde altyd wat Lok by jim
yn jim leafde en jim striid
En aansen bin ik âld en wiis
Kin de hjerst my goed fermeitsje
want de stoarm sil my net reitsje
En wa’t aanst, op in diiz’ge dei
Dy ris freget: ‘hiesto freonen?’
ûnthâld dan goed, do wiest in freon fan my
As myn eagen dôvje yn it griis
dan bin ik âld en wiis
Sa fier as myn eachweid rikke kin