Eelkesweblok

05-10-09 Durk

Een reactie plaatsen

Hy seit altyd dat er in Fries is.  Dat jout ús de kâns om oer him  te praten en te skriuwen. Allinne, je komme yn in wûndere wrâld telânne. Want as je de flústeringen beskôgje soe Dirk Scheringa in woekerbaas wêze. Mar as je him tsjinkomme is it in freonlike, sêfte man mei in foarleafde foar fuotbaljen, skilderijen en benammen reedriden. De alvestêdetocht komt altyd wer nei foaren, hy is altyd op de Weissensee, mar hat de echte yn Fryslân ek in pear kear riden. Mei syn frou. De lêste kear dat we elkoar moete ha wie dan ek op de alvestêdereuny. Efkes byprate. Mear net. O sa freonlik.

 Us earste kear wie in foarum. Yn Damwâld leau’k. O wat in aerdige man. Oant er yn it foarum sei dat at je kristlik ûnderwiis hân hienen dat je dan in beter minsk wiene as de oaren. Dêr skrik je as folger fan gewoan ûnderwiis dochs wol fan. Dirk Scheringa hat in eigen miening. Mar doe’t ik dêr letter oer neitocht fûn ik ek dat elk rjocht hat op in eigen miening yn in lân wat Wilders safolle romte jout om allegear ûnsin te fentilearen. Al bestie Wilders doe noch net.

No is Dirk Scheringa de haadpriis wurden yn de krisisgoarre. At ja alle analyses lêze  , okee at je de analyses lêze fan de lju dy’t kristlik ûnderwiis hân ha, dan bliuwt der foar Dirk Scheringa aanst neat oars oer as in musuem en in fuotbalstadion,dat is fan himsels. De rest is allegear fan DSB en dat sil wol ferdwine of in oare namme krije.  En dan sit Dirk tús yn Wognum en kin neat mear mei syn ienigste emoasje: reedriden. En dan, nei lang neitinken komt er dan nei Fryslân, hy hat yn Driesum noch in hûske  stean. En dan wurdt hy de nije foarsiter fan de alvestêdeferiening. En binnen tsien jier leit der dan in alvestêderûte fan 230 kilometer keunstiis, wêr’t wynblazers en stosnie dan soargje foar it ’63 klimaat of it ’54 sintsje. Moai njonken de fearten en marren , want de ienigste Fryske ekonomyske winst, de wettersport moat wol syn gerak ha. De hiele simmer kinne minsken dy iisrûte, of parten derfan ride. Je kin Dirk Shderinga en syn frou dêr dan ek noch tsjinkomme. Skttterend. It ienigste minpuntsje is dat dy 230 km baan nei him ferneamd wurde sil. Nee, net de DS-Baan of sawat. Want hy hat syn namme feroare, ferfryske. Wrâldferneamd sil it wurde, reedride  op’e  Durksbaan.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s