Eelkesweblok

09-10-09 Súdwesthoeke

Een reactie plaatsen

It wie hiel singelier. It kabinet yn Den Haag is wend alle bryfkes út it noarden earst in kear wei te donderjen. Mar samar ynienen kaam dêr in bryfke wêr’t se fuortendaliks ja op seinen. Ja, we wite wol dat dit kabinet  as los sân  oan elkoar hinget, mar dat soe in reden temear wêze om dy bryfkes net iens mear te lêzen. Mar oer de weryndieling fan Wûnseradiel, Boalsert, Nijefurd, Snits en Wymbrits sei it kabinet in bytsje stiekem ja. Deputeare Galama, grutsk as hie hy it sels allegear betocht, sei dan ek dat de prosedure sa west hie as  de steatsiktaris fan te foaren opskreaun hie. Dus ek dy steatsiktaris ferwachtet net dat de provinsje mear docht dan it trochstjoeren fan saken dy’t fan ûnder op úttocht binne.

Dy provinsje kin neat mear hjir ek net mear oer tinke. Joop Atsma , dy’t as fraksjefoarsitter fan it provinsiale CDA yndertiid hiel lui wie, naam nei it drama fan Apotheker (hy woe ynienen Ljouwerteradiel en Menameradiel by syn Ljouwert ha) , kontakt op mei syn PvdA maatsje hjirre en sei we komme net oan  weryundieling, dat dogge gmeenten sels mar. En omt alles wat Joop seit hilich is by it CDA en it CDA hjir alles te sizzen hat, hat nea ien wer wat sein oer it weryndieling. Sterker, it wurd wie ferbean op it provinsjehûs.

Want no kin Galama wo sizze dat Boarnsterhim de rest fan Fryslân  opkiedelt, mar dat se net wolle dat it yn fases gean sil. Earst gau Boarnsterhim by Ljouwert en dan in jier letter Ljouwerteradiel , want dan ha dy pas de petearen mei de boargers klear en dan pas Tietjerksteradiel, omt Polderman pas oer twa jier mei pensioen kin . Dat wol de provinsje net. No, de provinsje hat hielendal neat te wollen. At fan ûnderen op dat wol, dan bard soks, de steatsiktaris hat dat goed dudlik sein.

Yntusken hoege de lju yn Grut Snits nearne oer yn te sitten. De provinsje kin wol roppe dat se goed soargje moatte foar de 69 doarpen, de provinsje hat him tolve jier stil hâlde moatten fan Joop Atsma, dy meie neat mear sizze. At der fan ûnderop de gedachte komt om foar de doarpen te soargjen dan dogge se dat. En oars mar net. Ofbliuwe. Sels de namme hat de provinsje Fryslân neat oer te sizzen. Dat sykje se fantefoaren sels al út. Der skynt in kommisje te kommen dy’t fiif nammen betinkt , en dan meie de minsken by de ferkiezings multiple choice dwaan. Dom. Gewoan ien namme foarstelle, dat is fan ûnderen op belied. Gewoan de namme Súdwesthoeke. Miskien dat Balk dan begjint nei te tinken: we hearden toch froeger ek by de Súdwesthoeke. Dat wol we no wer. Sju, dat is fan ûnderen op bilied.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s