Eelkesweblok

13-10-09 Grêfdoller

Een reactie plaatsen

Hee famkes en jonges ik wit it , ik wit it. Ik wit werom at de PvdA sa nei ûnderen dondert. Sju , sneon hat in kollega in ynterfjoe makke mei Hans Konst en dy is deputeare. Fan de PvdA. Dus ien fan de lieders fan de PvdA. Dat ynterfjoe ha’k justerjûn pas sjoen. It duorre 9 menuten en 48 sekonden en 22 hûndersten fan in sekonde. En al dy tiid waard allinne mar folsleine ûnsin sprutsen. Konst hat as provinsiaal prinsipe dat je de greidefûgels bewarje wolle. No dan wit elk dan moat je de rôffûgels ôfsjitte en de foksen en sa. Mar o nee, Konst wol net dat der sketten wurdt. Net op foksen, net op rôffûgels. Hoe moat it dan oplost wurde Konst? Ja dat wit hy net.

Polityk is beslissings nimme. Dat kin bêst ferkearde beslissings wêze, mar sels by ferkearde besliissings bart der wart.  By Konst bart der dus neat.  Hy is inkel ree om sa no en dan in heal kûgeltsje op in foks ôf te sjitten. Mar it fjildlibben giet oan de deputgeare fan it fjild folslein foarby. Hy wit net dat der soms 70, 80 minsken út in doarp yn Fryslân in hiel gebiet útkloarkje om de foksen op te jeijen en dea te sjitten. De CDA oplossing is dan dat se dat wol witte mar der neat fan sizze.

Mar je sjitte , jeije, fersteure of jo greidefûgels gean der oan. Sa simpel is it. Elke fjildman kin Konst dat fertelle.Watte, dy ha it him ferteld. Mar hy kiest net. Hy seit oan de ein fan it ynterfjoe dat de omstandigheden om de jonge greidfûgels in wat wisser bestean te jaan fan lange asem binne. En dat it kommende maaitiid net klear wêze sil. Wylst mannen as perfesser Theunis Piersma de lêste jierren hieltyd oan de needklok hingje, praat de PvdA deputeare fan “we moat mar ris sjen”. Miskien koe dat froeger, no net mear. No dol jo it grêf fan jo eigen party. De PvdA.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s