Eelkesweblok

19-10-09 Kommissarisferslach

Een reactie plaatsen

Elk jier moat in Kommissaris fan de Keninginne in soarte fan ferslach skriuwe. Net dat soks nijsgjirrich is, mar it moat. Dat is in yngewikkeld systeem: eartiids wie soks allegear geheim, doe waarden der gjin ferslaggen skreaun, mar no’t it wurd transparantie útfûn is, moat elk yn dy wrâld wiidweidige ferhalen skriuwe dy’t nea lêzen wurde. Mar wa’t konstateart dat alles by it âlde bleaun is dy komt yn de hoeke telânne.

It ferslach fan de Fryske kommissaris fan de Keninginne is altyd wakker gelyk: skûtsjesilen, keatsen , fierljeppen, in bûtenlânsk reiske, 634 gearkomsten en in hoop fergees gereis nei Den Haach, 74 ritsjes mei it Steatejacht en fierder in lange rige lintsjes dy’t trochknipt wurde moatte. No stiet der ynFryslân elk jierek  yn dat de rampeplannen fan de gemeenten net goed binne. Dat skreau Nijpels al. Dat skriuwt Jorritsma no ek.

Dat lêst elkenien en dernei bart der neat mear. Nimmen dy ’t der fierder nei sjocht.Kranten  en omroppen meitsje wol elke kear in berjochtsje, soms freegje se efkes fierder mar it  bedarret frij gau. Wy, gewoane boargers, wachtsje mar gewoan ôf wannear soe der yn it ferslach fan de Kommisaris fan de Keninginne in kear stean  dat de gemeenten de rampeplannen oanpast ha. Nea, want de rampen komme hurder op  ús ferbylding ôf, as at de gemeenten hanteare kinne. It ienigste risseltaat is in fierdere drang nei weryndieling, mar ek dan moat we benijd wêze oft de grutte plakken bysteat binne om har te realisearjen dat der ek rampen wêze kinne yn de hiele lytse plakjes, werfan de bestjoerder amper witte dat se bestean.

Dus is it advys oan de Kommissarissen om  net wat yn it ferslach te setten, mar de gemeenten te twingen der wat oan  te dwaan. Mar miskien moat je der sels ek wat oan dwaan. Want wat is hjoed de grutste ramp: DSB faillyt. En dêr wer’t by I-save noch ferskate oerheden yn de jildpine kamen is der no mar ien oerheid dy’t de lul is: it gesamelike noarden hat der  jild stean. Mar soksoarte rampen en oplossings derfoar steane net yn dat ferslach.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s