Eelkesweblok

22-10-09 Romke wa?

Een reactie plaatsen

Ynienen wie hy wer ris yn byld.  Romke Kooyenga. Fan Anjum. Fan Dongeradiel. Fan de Noardseasthoeke fan Fryslân. Fan hiel Fryslân. Want Romke is sa it skynt sa linkendewei aardich ryk wurden en dan wurd je ek hieltyd populêrder. Boppedat kaam Romke no yn byld foar it hek fan Rinsma State yn Driesum, en dan sit je oan de erfenis fan Dirk Scheringa te skuorren. Romke sei dernei alderfreonlikst dat er it wol keapje wolle soe. En dat soks kinne soe, dan die hy der miskien ek wol wat mei. En hy sei, en dat wie fan sels hiel gemeen, dat er tusken de 1 en 2 miljen bearn hie. Scheringa moat der al mei al dik trije foar bettelle ha. Sa wurket soks.

Neat mis mei Romke. Aardige fint, wit fan trochpakken, hat in nije ûndernimmingsflier fûn en útboud, en makke fan in detazjearingsburo in miljoenebedriuw. Sadanich dat Romke gnizend om him hinne sjen  kin at der noch mear hanneltsjes binne. En dy tiid wie no oanbrutsen en hoe kin je je no better yn de merk sette as troch iepenbier op Rinsma State te bieden, want alles wat mar nei in fleuchje DBS of Scheringa rûkt is nijs fan de foarside wurden.

It giet him helemaal net om Rinsma State. It giet him ek net om AZ wat der tydlik wol wat sponserje woe (“want ik ha yn Noarfdhollân ek in bedriuw”) Hy melde him net by AZ mar by de kurator fan de DSB -bank wylst AZ by DSB Beheer heart en dat doe noch in kurator ha moast. Dat ynteressearde him ek hielendal net. En dat Toon Gerbrands , de direkteur fan AZ, de oare deis fjûr spuide omt er fûn dat it tydlik bod fan Romke sa miegerich wie, en dat Romke ek noch sponsor fan SC Hearenfean is, makke it inkel mar moaier. Hoe mear publisiteit wat better.

Want Romke syn twadde wurdsje wie hiel wat wichtiger. Hy fertelde dat er sân panden fan de Friesland Bank oankocht hie. Hy hie se net iens sjoen. En hy sie se wol wer ferkeapje. Hy sei ek noch , de iene kear win je de oare kear ferlies je. Mar hy gie it vastgoed yn, want syn heit hie al sein, stiennen bin mear wurdich as sinten. Yn in tiid dat gebouen yn wearde ferminderje is dat in frjemd praatsje, mar oant no ta hat Romke altyd gelyk hân, dus wy leauwe him en rinne efter him oan. Mar Romke lit aanst net efter him oanrinne, dy ferdwynt wer yn de anonimiteit , want elk wit no wat hy wol: fertsjinje mei oan- en ferkeapen fan stiennen. En dat wie de bedoeling.

Oer de rêch fan Dirk Scheringa wurdt Romke Kooyenga dus de nije Jan Riedstra. Eigen wei, eigen risiko’s, eigen winst, eigen krêft. It is hast Frysk.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s