Eelkesweblok

26-10-09 Gryp

Een reactie plaatsen

In ferskuorrende muoite om it bêd út te kommen. Hielendal gjin sin oan om der ôf. Moat aanst nei Thialf, reedriders en reedriidsters sjen op’e training en dan schaatsbrunch. Schaatsbrunch, wit jim wat dat is? No, da’s in hiele hoop pannen en hiele lange rigelen fretters. En tusken troch wat geâldehoer oer hoe goed at Aegon it docht mei de sponserderij by it reedriden. At je der hieltyd mar mear jild yn donderje doch je it dochs altyd goed. No ja, ex-Aegon commissaris Doekele Terpstra sil ferklaaid as KNSB-foarsitter der in soad goede wurden tsjin oan smite.

Mar eins wol’k dêr net hinne. Ik liz hjir lekker. Ik soe hjir bêst de hiele dei lizze kinne. Sil’k belje dat ik siik bin? Der wie dochs dit wykein op de radio dat wy yn in epidemie sitte. No dan ha ik no Meksikaanske gryp.

Hoe soenen je no fiele kinne oft je Meksikaanske gryp ha ynstee fan in gewoan grypke. Wat sei dy man lêsten ek al wer, wat ha je dan. Hoastje of mislik? Ik wit it net mear. Se prate hjir al in heal jier oer dy gryp en  ik ha der noch neat fan murken. Mar elk dy’t in bytsje skeel út’e eagen sjocht: “hast ek Meksokaanske gryp?”. En dan allegear ha ha ha. Der gean toch ek minsken oan dea. No ja, oan gewoane gryp ek wol fansels, en dêr helje we de skouders ek by op.

At ik no skilje en fertel dat ik gryp ha, hoe lang moat ik eins op bêd lizze. Want moarn ha’k in pear wichtige ôfspraken. En  ik moat noch………nee moarn moat ik eins better wêze.  Hoe siik moat ik wêze. In deike gryp is dat Meksikaansk of skoalsiik. En liz je dan op bêd te roljen en switten , elk heal oere op’e grûn bûnzjend omt je wetter ha moatte. Of sliep je lekker troch. We prate al in heal jier oer Meksikaanske gryp, ha de meast idioate ferhalen lêzen, mar at je it ynienen ha, wit je net hoe’t je je gedrage moatte.

Under ropt immen, tiid. Ik fljoch der ôf. Mar gau nei Doekele. At dy gjin Meksikaanske gryp hat teminsten.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s