Eelkesweblok

27-10-09 Begjin

Een reactie plaatsen

Heal septimber, doe’t Thialf wer iepen gie , seinen we dat it reedridersseisoen wer begûn wie. Dus dêr heakje je in petearke oan fêst. Doe’t dêrnei de ploegen yn de folchoarder VPZ, Hofmeier, Menzis en TVM de presentaasje hâlden dy ’t se altyd oan it begjin fan it seisoen fersoargje, seinen we hieltyd dat it nije reedridersseisoen wer begûn wie. En  we makken petearkes. De earste ûnderlinge wedstriid op in  sneontemoarn begjin oktober: hinne, it reedridersseisoen wie wer begûn. Juster wie de Aegon schaatsbrunch op Thialf, dêr wie elkenien, riders, parse, en omrinnend oar folk. It reeridersseisoen wie wer begûn.

Dus moast der wer  stikjes makke wurde. John Volkers fan de Volkskrante keas foar de skuon fan Sven Kramer. Oefene mei nije reedridersskuon, mar sei heit Yep oan de kant “it woe net”. Dus de âlde skuon mar wer oan, no gie it wer goed, mar we moatte fansels it hiele seisoen mar bidde dat dy skuon fan Sven it noch hâlde sille, want o jee, at er oare skuon oan ha moat te reedriden.

Gerard den Elt fan it AD en Luuk Blijboom fan de Telegraaf keazen foar de pakken. Dêr wurdt hieltyd noch oer praat, dus skriuwe sy dat de diskusjes hiel  heech oprinne en foarsizze al rjochtbankprosedures. Dan giet it om kleur en dat se net passe, alhoewol dêr fjouwer jier oan wurke is. Ik prate de jûns mei bûnskootsj Wopke de Vegt (Wopke van der Vegt seit KNSB  foarsitter Doekele Terpstra as echte Fries hieltyd) en dy sei dat der noch wat tûkelteammen binne, mar dat it wol klear komt ( en oars ha we de oare pakken noch wol, wer meitsje se har drok oer). Nee, wy sieten folle mear mei dat dy Aegon schaatsbrunch sa lang duorre , elkenien waard ynterfjoed foar minsken dy’t de antwurden better kinne en it gehiel duorre langer as oardel oere.  Sa lang moate sporters dêr net sitte, sei Wopke ta myn ferbjustering, mar it blykt dat se sa’n hekel oan soksoarte  byienkomsten ha dat se dus net ruste mar har oardeloere ergerje. Ja dat kin deadelik wêze foar in beslissende  1500 meter earne yn febrewaris yn Vancouver.

Freed begjinne de ôfstânskampioenskippen, en we witte no al dat dit hiele seisoen behearske wurde sil troch de seleksje foar Vancouver en dat de Nederlanders dêr dan sa wurch fan wêze sille dat se gjin medailes helje. Dy  bin foar de Kazachstanen.  Mar dat hindert neat, takom  jier begjint der ek wer gewoann in nij seisoen.

Hoewol. Ein maart dit jier wie it seisoen dien (we ha dat ek sa’n tweintich kear ôfsluten en elke kear trou in stikje makke) In pear wike letter waard in selekt ploechje sjoernalisten útnoege foar it earste simmertrainingskamp fan TVM yn it bûtenlân. It vreedridersseisoen begjint  net mear. It is der altyd. Allinne wurde we yn oktober dochs wer sa kriebelich dat we allegear saken grutter meitsjen dan se ea wêze sille.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s