Eelkesweblok

29-10-09 Wetterskip

Een reactie plaatsen

Minister Bos, net mear kiedele troch de aow, sei ynienen dat neffens him de wetterskippen opheven wurde moatte. Dat wurk kin wol troch de provinsjes dien wurde. Op himsels hat hy gelyk, mar hy kiest wol de ferkearde wei. De provinsjes moat opheven wurde, en dat bytsje wurk kin der wol troch de wetterskippen bydien wurde.

Doe’t wetterskip Fryslân ien waard, is al foarsein dat der in soad dûbel wurk wêze soe. Wie provinsiale wettersteat derfoar noch in goed koördinaasjeorgaan, no wurket dat net mear. Wetterskip en provinsje wurkje folslein troch elkoar hinne, en tegearre mei de mannen fan de gemeentes sit se op it hiem fan ûndernimmers mar ek gewoane minsken lêstich te wêzen. Ien iswol genôch. En wat kostet dat wol net, seit in minister fan finansiën, at er DSB oan’e kant hat.

Mar Brok sil binnen in pear jier bewize dat in gemeente as Grut Snits himsels wol rêde kin yn den Haach. Wat docht in provinsje der dan noch ta, sterker, wat docht in provinsje noch. Presies: neat. No witte we wol dat it wetterskip fansels in djoer optúgt aperaat is, seker yn Fryslân wer’t de boeren harren hiele fermogen der yn smiten ha yn ruil foar in soad segaren en jenever op de gearkomsten. Dertsjinoer stiet dat it wetterskip folle sneller wurket as de provinsje, en it blykt no ek dat se yn it provinsiale apperaat net iens mei elkoar wurkje kinne,lity stean mei oaren. Der hienen  se net in djoere ynterimmer foar ynhiere hoecht, dat wisten we al. Opheffe dy boel. Alles wat se noch dogge nei it wetterskip. En dy kin de plysje der an ek noch wol by nimme.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s