Eelkesweblok

31-10-09 Sven

Een reactie plaatsen

Mart Smeets en ik stienen efkes oan de bar justerjûn, it duorre amper tsien menuten. We skodden de hollen oer de lûden dy’t we om ús hinne hearden. “Net bêst mei Sven”. “Hy moat ynleverje”. “Muoilik seisoen foar Kramer”.  Wy, âlde núten, wy skodden de hollen. De safolste wize werop de âlde fertroude sjoernalistiek wer fermoarde waard die dochs wer efkes sear.

Want wat wie bard: Sven Kramer hie de 5 km wûn, syn fjirde nasjonaal kampioenskip. Syn tiid fan 6.20.71 wie de bêste seisoentiid. Werom gie it sjoernalistieke wrâldsje dan sa út’e skoreven. Sven lei mar in dikke twa sekonden foar op Bob de Jong (dy’t neffens my noch nea sa’n goede 5km riden hat yn dizze fase fan it seisoen). De hiele wrâld dondere yn elkoar, Sven foel ynienen fan it fuortstik. It liket wol at it it moaiste is at  ien de ferwachtings op Olympysk goud net wier meitsje kin.

 

Sven wie ferkâlden, wie fannewike fallen, hie wat mei de izers. En traint troch folop. Der is neat oan de hân. Sven ferliest net graach, en dat die hy ek net. En hoe’t er dan docht  makket him dochs neat út. Hy hoegt op 30 oktober net tsien sekonden op de rest foar te lizzen. De eksakte datum foar de 5 km is 13 febrewaris oan de oare kant fan de wrâld. Dus wy skodhollen en giene nei hûs.

Fannemoarn kaam ik ûnder en dêr lei de Ljouwerter Krante. Foto , iepening, kop. “Kramer stroefjes uit de startblokken”. Ik smyt de krante by it âld papier en riidt nei Hearrenfean. Sven Kramer hoecht hjoed net te riden.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s