Eelkesweblok

01-11-09 Skoareboerd

Een reactie plaatsen

Prate justrerjun mei Foppe de Haan. Tiisdei giet er wer nei Súd  Afrika. Hy fertelde dêroer, oer werom at je sa’n aventûr dogge. Mar benammen ek oer de saken dy’t yn dat lân spylje, in lân yn opkomst, noch efter by it westen mar kommende wei. En oer hoe moai oft it dêr is. Tekenjend hoe’t sa’n man by alles wat er tsjinkomt prate kin, genietsje kin, fan soksoarte saken. Soms is it hiele libben net fuotbal, al fertelde hy ek presies oer hoe’t de spilers fan syn nije ploech yn elkoar sitte.

No sieten we yn it Abe Lenstra, en der siet en stie gâns folk om hinne. Allegear grutsk dat Hearenfean mei 3-0 wûn hie. Da’s ek moai. Mar… no ja net altyd in mar betinke, mar Foppe en ik seagen elkoar efkes oan. Ik swijde. Foppe skodde de holle. Beiden wisten we dat Hearrenfean hielendal net sa goed spile hie, en dat ADO wol hiel swak wie. Mar….ach,  lit mar. Foppe luts de skouders op en feroardielde mei in skitterend wurd it entosjasme. “Skoareboerdsjoernalistioek”,  mompele hy.

Ik bin benijd nei de kranten moandei.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s