Eelkesweblok

07-11-09 Salpetersûr

Een reactie plaatsen

Eartiids koe in arbeider yn in suvelfabryk him fertille oan in folle molkbus. Benammen de molkfarders hiene dêr wol lêst fan. Ik ha nea heard dat immen himsels yn in molketobbe fersopen hat, mar soks kaam  ek net nei bûten. Mar de lêste jierren is wurkjen yn de suvel net gefaarlik.

Ja dat tochten we. Hiel Fryslân waard juster opskrille troch de alarmtoanen, in wolk salpetersûr luts fan de molkfabryk fan Dronryp oer it lân. O heden. Alles yn ûnstjûr, salpetersûr blykte gefaarlik te wêzen.

Wit jim wol wer’t salpetersûr foar brûkt wurdt. Foar it skjinmeitsjen fan de leidings…… Mei wetter fertinne, dat wol, mar dat gefaarlike spul dêr meitsje se dus de liedings mei skjin. Liedings wertroch dy wite en dus skjin lykjende  molke streamt dy’t wy út in pak wer opslobberje? Sit dêr dat gefaarlike salpetersûr trochhinne?

Fryslân makket him drok oer it ûngemakje wertroch 24.000  liter fan dat spul de loft yn giet. Fryslân makket him drok oer dat de alarmtoeter de hiele provinsje yn’e hûs stjûrde. Mar Fryslân makket him der net drok oer dat Fryske suvelfabrieken salpetersûr brûke.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s