Eelkesweblok

09-11-09 Kazakken

Een reactie plaatsen

Alles wurdt tsjintwurdich wol hiel bot opblaast yn de sjoernalistiek. Trouw sneon op de foarside in ferhaal oer Arjan Stroetinga, Jorrit Bergsma en oaren dy’t foar Kazachstan útkomme wolle op de Olympyske Spelen. Dêr wêr’t de stap fan Bart Veldkamp yndertiid  om nei Belgie te gean en oare Nederlanders dy’t foar Switserlân en Eastenryk útkaam binne omt hjir tefolle hurdriders binne , goedkard waarden troch kranten en tillefyzje, dêr’t is it no ynienen oer. In soarte fan Hollandisme yn in Olympysk jier.

No is it fansels ek sneu dat Wouter Olde Heuvel aanst net meidwaan kinne soe oan de Olympyske Spelen en Jorrit Bergsma wol. Mar dat lit ûnferlet dat it wol aardich is wat dy jonges dien ha, ride en winne yn Kazachstan. Dat se dernei net iens mear meidwaan meie oan de nasjonae kampioenskippen maraton yn Nederlân is al idioat. Trouwens , dat Michaud der net oan meidwaan mei ek. Meitsje der dan mar iepen nasjonale kampioenskippen fan, Michaud kin ek hiel bêst yn read wyt blauride as je nei de Frânske flagge sjogge.

Mar dat it no allegear yn de sfear komt fan  wier en net wier, net goed  of al goed taret, oranje of net oranje, dat is spitich. It wurdt tiid dat de KNSB immen fynt dy’t it opnimt foar dy jonges en it fierder regelt. Want as sjoernalisten earne mei oan de haal geane, bin  je noch lang net tús. Mar ek net yn Vancouver.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s