Eelkesweblok

10-11-09 Priizgje

Een reactie plaatsen

Ja ha fansels al in hekel oan it WK-fuotbaljen yn 2018 as je sjogge hoe’t dat yn de allerearste presentaasje gie. It wie moandei yn it Evoluon yn Eindhoven. Ast sjochst wa’t dêr allegear hinne reizgje, jeetje. En dan yn sa’n elitêr gebou.

Mar se wienen der allegear, inkel Hiddink enCruijff ûntbrutsen, mar dy bin ús wat ûntgroeid. Mar de boargeaster fan Hearrenfean wie der wol. Mei twa wethâlders. Dy stean dêr te blazen en te priizgjen, net te leauwen. Dy lju binne der yn 2018 hielendal net mear. En dy wurde dan echt wol fergetten as it om de tagongskaartsjes giet. Wylst se no sa leaf  iten fan Lauwswolt meinaam hiene om de minsken der op te wizen dat it iten net oeral fan deselde kwaliteit is.

Oerdreaun gedoch, allegear jesels oanpriizgje yn swarte pakken, wylst it allinne mar gie om in nederbelgyske presentaasje. Se hoegden harsels net iens te presentearen by de echte bobo’s dy’ t normalerwize inkel mar opstean út harren Monakoose stoel om te preasten mei it glês yn’e hân. De earste seis kear teminsten, dernei  is it wol oer. By dy lju moat je jesels oanpriizgje, dus dan moat de beerenburg mei.

Yntusken is it bestjoer fan SC-Hearrenfean fansels goed handich. It gemeentebestjoer kin der net ûnder út , dy útwreiding nei 32.000 taskôgers moat fansels al hurd, oars bin je net op tiid klear mocht Belgerlân eventueel,  miskien, hast net te leauwen fan Spantugal winne. Dan stean dy 32.000 der alfêst, dat is klear. Hearrenfean mear ynkomsten. En dan mar sjen at it moat, oars hoege dy lêste  12.000 net. Neat gjin gedoch mei lange prosedures. Ien boargemaster en twa wethâlders hielendal yn’e stringen. SC-Hearenfean hoegt sichsels net mear oan te priizgjen, se ha b en w al ynpakt.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s