Eelkesweblok

each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 02

Ik bin sa ferskriklik benijd. Aanst om healwei njoggen sille in deputearre (Piet Adema, noch fjouwer wike yn tel), in wethâlder (Thea Koster, komt stadich boppeswimmen)  en in haadingenieur direkteur (heger ha se se dêr net) fan rykswettersteat, Peter Struik, al dy minsken sille in Minder Hinder plan lanseare. Nee , dat seist net goed, it is it plan Vrij baan met minder hinder. In perfekt pleonasme. Sokke titels , aaah , soks skoddet my troch it hiele liif, hearlik, hearlik, wat kin dêr net allegear efter sitte, wat cool, wat lyrysk, wat poëtysk. Wat in ûnsin.

It is gewoan in ferkearsplan om Ljouwert de kommende tsien jier better te berikken. Jim kinne it probleem fan Ljouwert, allegear wurk, mar de minsken wol net yn Ljouwert wenje, dus komme der alle dagen in fracht lju yn de auto nei Ljouwert ta. Allegear ien mantsje froutsje, carpoole jout neat. Moarns kom je Ljouwert net yn, jûns kin je der net wer út. No der ha se dus no in plan foar betocht.

Vrij baan met minder hinder.

Wy witte noch net wat der yn stiet. Mar it provinsiaal bestjoer en de gemeente ljouwert bin der yn 25 jier net yn slagge om de Heak fan de grûn te krijen, de sintrale as skout al 50 jier yn de omtinkens om, no ja , en salang as dat net klear is moat der net allinne in soad minsken nei Ljouwert, mar alles wat noardelik wennet moat fia Ljouwert nei ien fan de grutte diken. Dan wit je dat it net klearkomt.

Sju wy ha o sa’n frjemd bestjoer. We ha ter hichte fan Sebrandebuorren in dûbele rotonde yn de dyk Snits-Ljouwert , sadat minsken by in whiskeydrinkerij komme kinne , en twa boeren. Trije kwart jier hat it ferkear der ophâlden west op dat se dat grouwelige ding meitsje koenen, hy is folslein nutteleas. En ik ha wolris foar de brêge fan Galemadammen stien, mei noch fiif auto’s, en lit ik eufemistysk sizze dat we allegear fernuvere wienen dat dêr in akwadukt kaam. It hie net hoecht. Foar Ljouwert hie mar ien ding holpen, twa akwadukten, de Harnser en de Drachtster brêge. En dan fjouwer breed. Dan  hie’t goed west. Mar we krije dus Vrije baan met minder hinder. We sille wol allegear in  tiidstip tawiisd krije om Ljouwert yn te riden. En de skipfeart  moat tenei oer Lemmer, Iselmar en Waad nei Harns farre. En Piet Adema hat ynbrocht dat trekkers net mear op it fytspaad meie. Wêr dan wol, ja dat wit er noch net . En Ljouwert, Thea Koster seit dat we benammen mei de trein moatte en dan fytse. Of in grut parkearterrein by Werpsterhoek en dan mei de bus nei Ljouwert. En Struik sil sizze dat rykswettersteat oan de brêgen ta ferantwurdlik is, no en it is by Amsterdam swierder as by Ljouwert , dus bliuw mar stean. 

Toch tekenje se aanst mei syn trijen it saneamde MinderHinder Manifest. Wit jim wat ik tink, we krije allegear in sticker. Dêrop stiet vrij baan met minder hinder. Dy plak je dan op je auto. Der kin je dan de kommende tsien jier nei sjen yn de gedachte dat se echt wol oan ús tocht ha.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s