Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

 

04 02

Hy is no al ûnderweis, en hy giet de hiele lange dei troch. In geweldige prestaasje, en da’s absoluut net lêbjend bedoeld. Kommissaris Jorritsma giet de hiele op stap om minsken te ynteresearen foar de steateferkiezings fan 2 maart. We hoopje hiel bot mei him dat it echec fan Sudwest Fryslân fuort is en Fryslân wer gewoan it heechtste stimpersintaazje hat , sa’t dat heart.

Jorritsma jout dermei syn foargangers ek noch wol efkes in foarbyld. Mr Hedzer Rypstra wie der in pear moanne net as der feriezings wiene en as er dan wer in nij kolleezje wie dan wreau er him wer yn’e hannen en sei “zullen we dan maar beginnen heren”. Froulju sieten doe net yn deputeare steaten. Wiegel kaam allinne de útslachjûn om laitsjend rûn te rinnen en kwasi , ja maar ik moet wel weten met wie ik straks moet werken, mar stie inkel oandachtich foar de lannelike bylden. Hermans  sei in pear dagen foar de ferkiezings tsjin in mikrofoan  dat se stimme moasten, mar dat wie’t dan ek, en Nijpels lustere altyd yngeand nei VVD-ers om dernei as oaren oan it wurd wiene der troch hinne te kletsen. Mar Jorritsma jout gas, kom op jonges, stimme.Wit jim net werom, lis ik it efkes út. Dat docht er hjoed.

De fraach is dus no: wolle we ek wat. Ja en dan  is it daliks wer yngewikkeld, wat we wol en net wolle, dêr ha we dat nasjonel regear en parlemint foar nedich. De heak moat klear. De diken moat op goede hichte. De kultuursubsydzjes moat bliuwe. It Frysk moat yn Nederlân in folweardige taal wêze. It ûnderwiis, de soarch, de wurkgelegenheid. Der kin wol allerhande stânpunten ynnaam wurde, mar net it provinsiaal bestjoer moat der op reageare, mar de Twadde en dus no ek Earste Keamer. It ienigste wat we dwaan kinne is in provinsiaal bestjoer meitsje wat ynfloed hat yn Den Haach.  Ja en dan moat we gokke. We kinne op regearings- en gedoochpartijen stimme, dan ha we ynfloed. Mar at de oare provinsjes it net dogge, komt foar it regear de Earste Keamer yn gefaar en wurdt it regearen wol hiel swier en moat der oare koalysjes fûn wurde en der ha we dan wer minder yn te sizzen. Dus wat moat we dwaan?

Ik bin benijd nei it antwurd fan Jorritsma. As Kommissaris des Konings moat hy fansels de hjoeddeiske reagering stypje. As mins en VVD-er docht er dat ek. Mar út Frysk en dus ek eigen belang? As we ús net fersette wurdt Fryslân opheven en Grins ús haadstêd. Want wy dogge fansels optheden allegear stratego mei weryndieling, in spultsje. Mar ûndertusken heffe se de provinsje op, en docht it wetterskip aanst noch wat oan kultuur, taal, greidefûgels en skûtsjesilen. En wurdt it sâlt mei gong út’e grûn helle om CO2 yn’e gatten te dwaan. Komt der in kearnsintrale yn de Lauwersmar,  wurdt de fleanbasis fuortbesunige.

Eeh , ik leau de ferkiezings moat mar in aksje wurde, dêr bin ek mear minske  foar yn as stimme.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s