Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 01

Aanst om njoggen oere dan  stige de straaljagers op fan fleanfjild Ljouwert. Tagelyk flitse de F16-ens fan Volkel ek omheech. Nee, de oarloch begjint net om njoggen oere,  Eeeh……  it is  trouwens net te sizzen dat it daliks om njoggen oere bard, want militairen ha altyd  earst noch wer in gearkomste nedich om te befestigjen wat se trije moanne lyn ôfpraat ha te dwaan. Mar goed, njoggen oere dêr wêze, prate, bakje kofje, oare klean oan, helmke op en happa nei de F16 en woei.

Nee, nochris, gjin oarloch, Egypte rêdt himsels. De F 16-ens fleane nei de Marnewaard, by de Lauwersmar. Der wenje mar in pear skiep en wat Grinzers, dus it hindert neat at se der in bomke of fiif, seis loslitte sille. Fierder kaprioele se dêr wat yn de rûnte, en meie wer lande, kopke kofje of in kroketsje en wer de loft yn, de hiele dei troch. It kin  ek wêze dat de twadde ploech noch komt, want jûn wurdt der ek flein, mar dat kin fansels net de betide kofjedrinkers fan fannemoarn wêze, dat soe de militêre fakbûn net leie wolle.

Dat hiele gedoch giet sa troch oant en mei tongersdei. Nei alven is der neat mear, de fijân is al op’e hichte stelt dat it gjin doel hat Nederlân yn te fallen tusken alve oere jûns en njoggen oere moarns. Gjin tsjinstân.

Dus fjouwer dagen strapatse, wy ha in soad lest fan de brullende moters yn ús teare earkes, in miljoentsje fuort oan kerozine. En wit jim werom, omt it personiel op’e grûn , dy meie de hiele dei kofjedrinke, better leare moat wat se dwaan moate. Se witte net wannear at se wat dwaan moatte, at de F16-ens yn in NAVO aksje site, bin der Amerikaanske militêren op’e grûn. Mar je moat al leare wat je nea brûke sile. Mar dat se dêr fjouwer dagen foar nedich ha, inkel om sa no en dan op in  knopke te drukken en te sizzen  “hoe gaat het Jan?” At it echt oarloch is bin dy knopkes sinleas, sit de kofjedrinkers yn de skûlkelder en moat dy F19 piloat him mar rêdde.

Tagelyk wurdt dizze wike yn de Twadde Keamer wer praat oer de JSF. Sjoen it geouwehoer fan no, kin we no al witte dat we dêr itselde geseur mei krije as wy yndertiid mei de Starfighters hiene. Te lûd. Boppedat kwakten derfan ek noch in soad samar del, lit we hoopje dat soks mei de JSF net bard. Lit we mar hoopje dat dy JSF hjir net komt en dat de fleanbasis  dan miskien net ticht giet omt it allegear ûnsin is, dan mar omt it allegear te djur is.

En no kin Ljouwert wol seure dat de fleanbasis kwa wurk nochal wat opsmyt, it gedoch moat fuort. Ik bin ek wol besoargd foar al dy lju dy’t dy kofje en kroketten leverje en klear meitsje moatte, dus we moat der wat oars foar betinke. Earst tocht ik oan de start fan de alvestêddetocht, soe moai dêrwei  kinne . Kin  alle 16.000 meidoggers yn ien kear loslitten wurde, dan in pear kilometer nei it iis drave, no dan bin de measten wol kapot at se op it iis begjinne.

Ho es, iis, We ha hjir yn Fryslân op trije plakken reedridersspul yn musea stean, it pûlet der yn Hylpen út, de minsken tús ha noch bakken fol mei sok guod spul. Twa plakken skûtsjespul yn musea, en ek dêr is noch in  soad spul foarhannen wat net iepenbier is, ik ha begrepen dat Klaes Jansma al trije wike net sjoen is, hy siket wat út dat spul. No in keatsmuseum en noch mear fan dat guod. In Frysk museum fan gewoane dingen, allegear lâns  prachtige rinpaden dêr op de basis, moast ris sjen hoefolle minsken dêr op ôf komme , en hoefolle kofje en kroketten dan ferkocht wurde.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s