Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 02

In heul soad minsken ha de lêste tiid tsjin my sein, ik liz moarns lekker op bêd nei dy te harkjen en ast  west hast gean ik der ôf. Ik ha dat úterlik glimkjend ynkasseart, mar it snijt my fansels as in sage troch de siel. Watte, at ik oan it wurd west ha, doch je de radio út, lûk je de tekkens oer de holle en sis je, ik wol mei dizze wrâld neat mear te krijen ha, jim dogge it hjoed mar sûnder my. Mar der fleurich ôfstappe at ik krekt ferteld ha dat de wrâld ferkeard  yn elkoar sit, dat doogt net.

Mar goed, at jim  sa wolle, dan draei ik it wol om. Ik pak in ûnderwerp en sil dat ris oer alle boegen priizgje dat it sa yn elkoar stekt. Dan moat Fryslân ien en al libben wurde , der ôf brûze en siede en moat de wrâld op stelten stean. Jim bin dan hielendal posityf der ôfskopt….

No wat sil we ris dwaan, wat is der hjoed. Net safolle, ien nacht efkes wat froastich, mar allinne Piet en de Hollanders wiene wat oerémus. En wat fierder, wat lytsguod. En …o der bin ek steaten. No we ha 2 maart de ferkiezings fan, dy steaten, dat moat wat posityfs opsmite.

Wer giet it hjoed oer, hee, itselde as juster by it wetterskip, de feanweidegebieten moatte al of net wat wieter wurde. Mar dêr kin’k it net oer ha, want de útkomst sil wêze dat it foar de PvdA noch wol in pear sentimeter wieter kin en foar it CDA in pear sentimeter minder wiet. Sentimetergejeuzel dus. SSSST.

Wat dogge se der noch mear, ach it provinsiaal milieubeliedsplan. Mar hja der wurdt ik ek altyd lichtelik sarkastysk fan, want it bin moaie wurden en je kin se mei it boarst foarút út’e kast helje, mar se wurde net brûkt , omt se net te beteljen binne, en se dringe net troch ta it minsdom . De polityk hellet it wurd duurzaam noch hieltyd út’ e kast, wylst de Van Dale it al wer skrast hat. SSSST

No dan moat der subsydzje komme foar it europeeske buro foar lytse talen, mar  it Berie foar it Frysk hat himsels opdûkt mei de miening dat der te folle fan dit soarte groepkes binne dy’t de 11miljoen Fryske subsydzje opmeitsje. Dus SSSSST

No en dan bliuwt oer de evaluaasje fan it Fryske Marreprojekt en Fryslân meitsjen ta in toeristyske topattraksje. Jaaaa, dêr kint wol oer gean. Wat in sukses. 235 miljoen, en alle auto’s glide sûzjend ûnder de boatsjes troch, hoege net mear fiif menuten te wachtsjen. Fierder al dy miljoenen ekstra ynfestearingen foar minsken dy’t seine dat Fryslân sa moai is, lykas Fryslân Marketing en de VVV. De wurdearring foar toeristysk Fryslân is fan 7,7 stiigt nei 7,8, tsjonge jonge , geweldich. Mear saken , mear wurk. Poeeh, ferbjusterjend. De provinsje Fryslân hat ynset op Waad, Wetter en de alve stêdden, mar de hiele provinsje stiet al klear om no ek folop mei te dwaan.

O……, eeeh  ja, ……no ja toch mar sizze, it besikersoantal fan ús provinsje soe yn de ôfrûne jierren mei 15 % stige….eh …en dat wie 8 %. En dan stiet der fuort efteroan dat sjoen de geweldige risseltaten de ynfesteringen trochset wurde moatte….om…

Eeh … kom  mar fan bêd, ik kin’t net…..

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s