Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 02

Nij Seelân hie eins nij fryslân hiete moatte, sa’n 1100 lju fan Fryske ôfkomst wenje der noch. Sterker, dy komme jierliks ek noch by elkoar en ha dan in pompeblêddefeestje  dat se hiel tapaslik Friezedei neame. Allegear sa’t de minsken graach wolle en sa’t it heart. It wurdt minder at blykt dat der no al 60 Friezen hjirwei der  efkes hinne gien binne om dy dei mei te belibjen foartútrinnend op Fryslân Ferbynt yn 2012, wit jim wol , wer sa’n feestje dat we hjir mei al dy bûtenlanners sitte.

Ach dat’s ek wol bêst , oer Simmer 2000 ha we fan te foaren ek hiel wat ôflêbbe mar o wat wie dat in moaie simmer, dus soks kin wolris wer, allinne is it wat rille gau. Mar wat dy 60 Friezen der no in jier fan te foaren moatte , da’s my net dudlik. Ja wol wat Anneke Douma en Tsjêbbe Hettinga der moatte, dy âlde Nij Seelanners wolle graach wat artiesten der ha dy’t se yndertiid yn Fryslân ek noch sjoen ha.

En ik soe der no efteroan sizze, mar werom at Sjoerd Galema der hinne moat is my hielendal ûndudlik, dy docht it fêst net op eigen kosten, no dan  is it sinleas en dus djoer.

Mar it is yntusken juster ynienen dudlik wurden, Galema is flechten. Sa fier mooglik fuort. Dus hy hat him snel efkes delegaasjelieder makke fan de reis nei Nij Seelân, want hy hie wol yn’e gaten dat syn  tekst oer Skarsterlân en Hearrenfean hjir en der wolris ferkeard falle koe. Stikjes Skarsterlân dy’t fier fan de Friese Meren lizze,  by Hearrenfean grieme , fanweg de romte. En hoewol hiel Nijbrêge it mei him  iens is, is it hjir yn Fryslân flokken yn’e tsjerke.

No nee, want dit is wat wierskynlik ek stiet yn it rapport fan de kommisje fan  wize mannen  , dy’t gear gien binne oer de weryndieling. En Galema hat it efkes ferteld, want dy fynt it ek sa stom dat dy kommisje pas in wike nei de ferkiezings mei it rapport komt. Dogge de minsken yn Fryslan foar de fjirde kear net mei oan it meipraten, meitinken en meibeslissen oer de weryndieling dy’t toch  sa nedich fan ûnderen op stal krije moast. Mar no is de kommisje lulk, dit hienen se sels fertelle wollen.

It is werkelik zjenant om te sjen hoe’t no de kommissaris fan de keningin Jorritsma, hoe’t deputeare steaten, hoe’t de steaten fan Fryslân efter dy kommisje oan sokkebalje. Dy kommisje hat roppen: Galema moat hjir wer komme, wy dogge neat mear. No se bin al klear, dus dat hindert neat. Mar KdK DS en PS roppe no ek, Galema kom tús, en noch foar at de Friezedei der dit wykein is, fljocht Galema al wer werom, 24 oeren  tiid om yn it fleantuch nei te tinken oer syn deasonde, en it sit him ek noch dwers dat er dat optreden fan Anneke Douma mist. En op de Friezedei roppe al dy 1100 fjirdegraadske Friezen: wer is Galema ,wer is Galema.

Galema moat tiisdei foar it ferhoar fan Lense Koop mans, de machtigste man fan Fryslân seit de LC,  PvdAer  Dick de Cloe en Michel Marijnen, âld boargemaster fan Skarsterlân. En dy sille him fertelle dat se mei wat oars komme, en dat it noch wol in heal jier duorret. En dan woansdei dat gedoch yn’e steaten oanhearre. En yn de tuskentiid al dy twitters fan Piet Adema beanderje, en mei kollega’s en oare CDA-ers alles glêdprate.

En dat allinne omt er wat sei wat kloppe. Hy moat yn Nij Fryslân bliuwe, foar Anneke klappe , dan goed neitinke en dêr mar in skieppebuorkerij begjinne, of nei syn stjelpke yn Ryslân gean. Da’s feiliger as yn Fryslân deputearre en listlûker te wêzen, want dan mei je de wierheid net sizze.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s