Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 02

Wy bin in folk wat maklik op te ruien is. Bygelyks, hjoed is it Valentijnsdag. Fyftich jier lyn wisten we net iens dat der in Valentijn bestie, lit stean dat je syn jierdei fierden. Mar we bin hiel sterk yn it titels jaan oan dagen, de kommersie en de tsjerke binne dêr hiel ienriedich yn. De tsjerke begûn. Mei allerhande Bibelske saken op in bepaalde dei te setten,  en soks moast dan  elk jier lit we mar sizze betocht wurde. Sa bin we oan twa Krystdagen kaam. Twadde Peaske dei , Twadde Pinksterdei , Himelfeartsdei, en foar guon ek noch Goed Freed, Wite Tongersdei en Stille Sneon. Net dat we no noch witte wat der op soksoarte dagen yn de Bibel barde, mar we fiere dy dagen wol. Erkind kristelike feestdagen, dêr wurdt yn it CAO oerlis echt net mear oer praat, frij. Der bin ek genoch minsken dy’t  Drie Koningen en Allerheiligen betinke. No en de kommersie is der doe bysprong. Happa. Sinterklaas, Sint Pieter, Sint Maarten , allegear fan dy dagen mei in roomsk sauske, mar elkenien mient dat sint gewoan betsjut dat je nei de winkel stoarmje, om alles op te keapjen en dan  rûn te struien as bin je in Roomske hillige. Der kin je hiel wat sûnde mei fuortspiele.

Dy kommersie fûn it wol moai, dy betochten doe ek Heitedei en Memmedei, in roomsk sauske wie net mear nedich. No en doe gie it los fansels, we fiere Keninginnedei, mar ek Prinsjesdag. Eartiids wiene de lju yn it súden yn in pear plakjes in dei ferklaaid en sopen wat mear as oars, da’s útgroeid ta carnaval, der wurde yn dy kringen noch mear dagen betocht om konstant te sûpen. Wy fiere fierder 1 april, Dag van de Arbeid, Betinkingsdag Bevrijdingsdag, Luilak, Vrouwendag, Sikretaressedag, Dieredag, nijjiersdei,  we fiere yngreven aldjiersdei (20 miljoen ) , dus wurdt no sjinees ald en nij ek meibelibbe. Sa sil ynkoarten ek de earste islam feestjes op de datalist komme fan ûnwurkbere dagen, Suikerfeest en ramadan binne dat al hast, de PVV sil it gedoge moate.

No en no begjinne we oan al dy bûtenlânske feestjes te skuorren. Halloween ,Thanksgiving. En Valentijnsdag, Valentine. Yn 269 nei Kristus waard in jonge romeinske priester , presies Valentijn, martele . Hy gie dea op 14 febrewaris, mar net neidat er in bryfke skreaun hie oan in oare froulike finzenis, dat er sa fan har hâlde, want it celibaat dêr hienen dy mannen yn dy tiid noch nea fan heart. No, moai ferhaal, mar werom moat wy der no sa’n idioate Valentijnsdei fan meitsje, neidat der 1700 jier lang noait wat oan dien is. Krekt no’t wy yn in tiid libje dat we goed komuniseare kinne, dat we sels de ferlegenste lju leare om te sizzen dat je mei in oar op bêd wolle, stjoere we elkoar geheimsinnige kaarten en ûndertekenje mei Valentijn. Earne yn in krante sil njonken de pagina’s geheimsinnige adfertinsjes wol in lyts berjochtsje stean wat it koste hat, elke sint is tefolle foar dy ûnsin. Doch gewoan as de Ljouwerter Krante, Omrop Frylân en Friesch Dagblad, dy hâlde no ek ynienen fan elkoar. De dogge der absoluut net geheimsinnich oer, dy sille elkoar aanst omearmje om it libben , se hâlde no yntens fan elkoar en  se fertelle it de hiele wrâld fia in ynternetside. Sa heart dat yn dizze tiid. Mar…mar werom dogge se dit no krekt op Valentijnsdei? Is der negt mear in gewoane dei te finen?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s