Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 02

Hoe let ist….. o heden ,John Jorritsma fljucht troch it provinsjehûs. Hy wol eins Sjoerd Galema noch wol efkes sprekke, want Jorritsma is wol ferantwurdlik foar de strapatsen fan deputearren. No jout nimmen der wat om, mar  dy Lense Kopmans is in tillefoanbrûker , pfoe, dy hat al tsien kear hong. Jorritsma draaft en draaft , hy komt Tineke Schokker wol fjouwer kear tsjin , mar dy doart net te fertellen  dat se ek op syk is nei Sjoerd, dus dy seit dat se in wc siket, en Jorritsma wiist har fjouwer kear te plak. Mar dan is it te let, en hy sakket ôf nei de deputearrekeamer. Der sitte de oaren al klear, Hans Konst riidt in bytse senuweftich op de stoel, wat en benammen hoe moat hy wat sizze.  Jannewytske sit te beljen , dy fynt it allegear wol bêst. Piet Adema knoeit ek mei sa’n ding om, hy twittert, Sjoerd,wer biste?, Lenze is lulk. At Jorritsma al lang sit, komt mei in  heechreade kleur Tineke Schokker deryn, en giet knoffelich sitten. Net in WC fûn tinkt Jorritsma wat ôfwêzich.

Oan de oare kant fan de tafel sitte Lense Koopmans, Dick de Cloe en Michel Marijnen. Se swije, dat heart sa by wize mannen. Ja, eins wol Marijnen wol gesellich wat fertelle fan doe’t hy boargemaster fan Skarsterlân wie en altyd yn Haskerdiken en Nijbrêge te hearen krige dat se net wisten wer’t de Jouwer lei. Mar hy doart net, Koopmans, ooeeh . De kofje wurdt ynbrocht…..

Earne oars yn it gebou , op de keamer fan de boades is Sjoerd Galema binnen waaien kaam, hy hat foar de mannen in fleske Nij Seelânske  beerenburg meinaam, se nimme alfêst ien, efkes noflik ouwehoere. Galema kuiret dernei rêstich nei syn keamer, set musyk oan, en giet mei syn finger troch de stikken. Hy lukt syn noas op, en kuiret dan nei de deputearrekeamer.  Swijend sitte se dêr allegear te wachtsjen. As er binnenkomt laket Galema breedtút. Heu. Ik bin der hear, do kinst wol begjinne John. Dy begjint te haffeljen, Konst stekt de finger op, wol earst wat sizze, mar Piet Adema skuort alles daliks iepen, Jannewytske laket hiel hertlik yn har tillefoan , it kakelt om it libben. En dan slacht Lense Koopmans mei in woeste swaai syn fûst op it taffeltsje. Ferheard sjogge se op, ynienen is alles wer stil. No ja, en dan is it fierder gewoan. Dan seit Lense Kooppmans dat we sa net ôfpraat hiene. En Sjoerd Galema seit dat er dat ek al sein hat, mar dat wie tsjin Omrop Fryslân, en hy hie fergetten Koopmans te beljen. Lense Koopmans sjocht net iens nei Cloe en Marijnen en seit, no ja wy sille ús der oer beriede en dat kin  noch wol efkes duorje en Sjoerd seit dat de diskusje no lykwols dochs úteinset en yn de ferkiezings meispilet, en hy bliuwt by syn Nijbrêge nei Hearenfeanferhaal, dat kin no net mear oars. En hy hopet dat de kommisje lykwols sa gau mooglik klear wêze sil en hy kin yntinke dat dy op it mêd fan Nijbrêge sels mei in nij ferhaal komme sille (en tinkt by himsels dat hindert neat, want ik fier dit toch út) En dan wurdt it linkendewei stil en wit net ien mear wat te sizzen. Ja Tineke Schokker, dy seit “mar Sjoerd , us fraksjefoarsitter Van der Ham fynt it ek ûnferstandich datst it sein hast”. En dan sjocht Sjoerd Galema har efkes oan en seit net mear as: stiet der  CDA op it ferkeizingspamflet, Tineke? En Tineke moat sizzen, neeuh, der stiet SJOERD.  Presies seit Sjoerd en giet dan om te sjen at dy boades ek noch in beeren burgje oerhâlden  ha……

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s