Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

17 02

Oer in pear oerkes wurdt it besikerssintrum  fan de Alde Feanen iepene. Dat besikerssintrum stiet yn Earnewâld. Jierren lang ha Smellingerlân, Tytjerksteradiel en Boarnsterhim fochten om it besikerssintrum te krijen. Politisi ha elkoar nei it libben stien. Boargemasterhammers bin brûkt om de arguminten stal en krêft te jaan, want elke gemeente seach wol, dit soe’t allegear wurde, hjitroch kamen tûzenen en tûzenen minsken , dit wie’t. Boarnsterhim wie nea faillyt gien at dat besikerssntrum dêr kaam wie. Smellingerlân hie at se it krigen hie, nea ôfsneind wurde fan de farrûte oer Earnewâld .Tytjerksteradiel wûn úteinlik, mei troch dat it lânboumuseum der oankeppele waard. Mar dan wit je noch net werom at Earnewâld it wûn hat, want wa’t yn Fryslân in lânboumuseum yn Earnewâld delset, dy doocht fansels net. Earnewâld, in wettersportdoarp, mar benammen eartiids in doarp mei in rike (wetter)natoer, yn Earnewâld wiene doedestiids inkel wat lytse boerkes dy’t ‘s winters ek noch yn it reid moasten om troch de tiid te kommen, en de grûn wie en is der alderheislikst min. At je dat fergelykje mei de kweldergrûn yn it noarden of de klaai yn it westen……

No ja lit mar. It lânboumuseum is al iepene, hjoed komt it besikerssintrum foar it natoergebiet de Alde Feanen , of eins it nasjonaal park Alde Feanen derby.

It Fryske Gea hat der in miljoentsje ynklapt, nedich ek, want yn in agraryske provinsje krijt in himsels profilearende natoerorganisaasje fansels al gau in minne namme. En at jo nei safolle jierren striid in skras sette troch de sintrale as, dan moat je in soad goedprate yn it besikerssintrum. Edukaasje.

Ultsje Hosper de direkteur fan it Gea sil dat aanst faak brûke, edukaasje. Wethâlder Houkje Rypstra sil it faak herhelje no en dan kin Alde Feanen foarsitter Pé Miedema net oars as it ferhaal ûnderstreekje. Gesellich in skoaltsje derby, om sjen te litten hoe’t  je dat allegear fierder dwaan kinne, no dat komt hielendal goed.

Eeeh, ja soe alles wol goed komme? Ha de bestjoerders goed foar eagen dat at je dochs weryndiele, dat je wis wêze moatte dat de gemeente wer’t dit Natsjonaal Park ynkomt dêr  goed mei rêdde kin , en da’s net ûnbelangryk, dat je it edukatieve besikerssintrum yn dyselde gemeente hâlde moatte. No ja, en at je dan tinke oan in kaart werby de gemeente Ljouwert it natoergebiet yn hannen krijt, en dan soe Earnewâld der ek hinne moatte….. Ik moat der lang oer netinke, Earnewâld by Ljouwert. …….op gefoel nee. Nee. Nee, dat begrypt Ljouwert net, dêr ha se 100 jier net mei te krijen hân, sa’n perfekte mingeling fan rekreaasje natoer en ek noch gewoan doarp.

Smellingerlân soe’t miskien wol yn him ha, der wiene ek in soad Drachters dy’t eartiids har rekreaasjewjukken yn Earnewâld hiene. Mar Tytjerksteradiel hat sjen liten dat se echt snappe wat er yn en om Earnewald  libbet. Dy moatte it natoergebiet der ek mar by ha. Der moat we Boarnsterhim dan noch mar ris fan oertsjûgje, dat it net oars kin.

Wat seinen jim, at Houkje Rypstra wer fuort giet, ja dan sjoch we dan wol wer….

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s