Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

23 02

Eins bart der dizze wiken neat yn de provinsje , útsein dy ferkiezings. Da’s oan ien  kant wol hiel moai. dat betsjut dat in soad minsken dwaande binne om ris boppe dy 57 persint fan foarige kear út te kommen, tagelyk wurdt it der skraal fan. Want politisi dy’t keazen wurde wolle, of dat der op hun partij stimt wurdt, dogge mei allegear muoilike wurden allegear beloftes dy’t se dochs net wier meitsje kinne. As je juster hearden nei Verhagen dy’ t seit dat we  miskien sjen moatte om safolle mooglik sâlt rjochtstreeks út it waad te boaren en net fan it fêste lân , en dan heare nei it andert fan Van Tuinen , de sâltbaas om it sa mar ris te sizzen, dy seit dat hy it der eins wol mei iens is, en it ûndersyk ôfwachtet en dat Vernhagen wol foar twa tredde gelyk hat mar dat er likegoed op Slappeterp syn sâltslurf yn’e grûn stekke wol, ja dan  is it foar de measte minsken al oer en dy stimme op in sâltleaze partij.

No dy fine se net, want o wat bin dy lju allegear humoristysk, net te leauen, en wat se net dogge. Adema yn de bus, Van Mourik op in monumint en wat hjoed, Konst op in brommer……aaah

Wat ha we moarn  Jacob, Galema op in trekker, Annigje Toering op in skateboard of Addy Stoker op redens……..

En Jan Waterlander reizget mei in hûnekarre  lâns de bejaardehûzen? Lit mar

En der wurdt wat ôfluld, mar dêr wer’t yn de lannelike polityk der sa no en dan útspraken en stellingnames bewarre wurde om tidens de kampagne wat nijs te jaan, wurde hjir de programma’s foarlêzen, Je ha ’t idee dat der yn elke partij in soarte fan komitee is wat de boppeste fiif fan de ranglist elke dei, elk momint kontroleart op kennis fan it programma. Wat fine wy fan in sikenhûs yn Wolvegea ? Wy fine niks fan in sikenhûs yn Wolvegea. Werom fine wy neat fan in sikenhûs yn Wolvegea. Omdat der yn Wolvegea gjin sikenhûs is of komt. Ha wy dat bepaalt dat der yn Wolvegea gjin sikenhûs komt. Nee, der ha we it net oer hân. En dan komme se by elkoar en prate krekt sa lang dat se in kwoot ha: der komt gjin sikenhûs yn Wolvegea, omt de Stellingwervers leaver yn Hearenfean of Assen binne as yn Wolvegea.,….. ik sis mar wat. Justerjûn wiene de partijfoarsitters der ek allegear, finger oan de pols. Lokkich waard it lânboudebat sa’n chaos, dat se dêr neat mei koenen.

Mar we kin neat oars as polityk. Ja der is hjoed , jûn, in byienkomst yn de ARK yn Dokkum, waar en no sitear ik, we de vraag behandelen: Hoe kunnen de cultuur historische kwaliteiten van De Dokkumer Ee ingezet worden als inspiratie en kans om nieuwe ruimtelijke kwaliteiten te ontwikkelen en de bestaande kwaliteiten te verankeren direct langs de rivier en in de ruime invloedssfeer van de Ee.

Verankeren. … Ik kom echt net. Ja ik ha in pear kear dy Dokumer Ie delfearn. Moai. At se no seinen fan; jongens it is hjir hartstikkene moai, hoe kin we it hjir sa hâlde, ach dan soenen je der nochris sjen kinne, mar eins moatte toeristen dat net dwaan mar de lju dy’t  dêr wenje. Ik bin bang dat dy noch net yn’e rekken hiene dat der cultuur historische kwaliteiten wiene yn dy ruime invloedssfeer. At der aanst wer in alvestedetocht komt, dan stiet it oan de Dokkumer Ie fol mei tinten fan grutte bedriuwen dy’t dêr relaasjes noegje foar in borrel en leuk kijken naar die verukkelijke Elfstedentocht. En dan hyt de Dokkumer Ie foar iv ich en altyd de sûpfeart.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s