Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 02

No ha’k alles 7 kear trochpluze , maar nee hear, inkel mar ferkiezingsguod hjoed. CDA, PvdA en VVD preekje foar eigen parochje, fan dy yn-partijelijke feestjes, weryn de wurden  binnengliede as preken by de âlderling, sûnder kantroeren nei it besef dat je wer op je eigen partij stimme sille. Lekker bakje kofje, gesellich, pamfletsje mei nei hûs en de adressen fan 7 bejaarden dy’t woansdei noch efkes nei it stimburo sleept wurde moatte. Hjir en dêr ek noch debatten.Werûnder ien fan de Ried fan de Fryske beweging. No sille jim sizze dat soks prima is, echt provinsiaal, frysker kin je se net krije. Mar de hiele jûn sil in gedoch wurde om tsjin it Nederlânske regear oan te skoppen, no’t kommissaris Jorritsma sa no en dan ek syn wurden yn it Frysk ferkroemeld. No ja en it CDA sil de earms omheech stekke, ús Donner seit dat der in taalwet komme sil. Nee leave , Donner sei dat de ienigste rêding foar it Frysk in taalwet wêze soe en hy soe der wolris nei sjen. Da’s hiel wat oars. Mar de oaren sille de holle bûge en sizze tankewol CDA . En dan  is it fierder stil, want al sa’n 20 jier fine de partijen fan it Frysk it selde, it moat brûkt wurde. Inkel de VVD hat noch lang tsjinaksele, mar de goed Frysk pratende Arjen van der Meer koe it net sûnder laitsjen dwaan. No ja en no ’t de âlde striders Ton Baas yntusken foarsitter fan de RfK fan Omrop Fryslân is en Gerard van Klaveren sûnt er boargemaster fan de Stellingwerven is en út dwersichheid Frysk praat omt se dêr Stellingwerfsk prate, no is alles der wol oer en by Tom van Mourik yn betroude Fryske hannen.

No ja en dan bin der hjir en der noch mear fora, ûnder oaren fan de Skriezekrite Idzegea yn de Gaastmar. Wer’t perf Theunis Piersma koatlyn konstatearde dat je wol roppe kinne dat je yn 2020 safolle skriezen mear ha sille, mar dat de hjoeddeiske ûntwikkeling dat net oanjout. En der dus dudliker karren make wurde moatte. Kin moai op de spits tusken de deputearebroeders Galema en Konst. Miskien wol mear frysk as it Frysk.

No sa sokkebolje we dan nei nije wike, mar de fraach bliuwt altyd soene der wol genoch minsken komme .En dan moat ik sizze Vriend Wilders .Myn allerbêste vriend. Hy hat juster sein dat it CDA en de VVD no eindelik ek ris yn  de kampagne komme moate. Nee nee , nee, vriend Wilders doelde net op Sjoerd Galema en Tom van  Mourik , dy kin hy net iens. Nee, Rutte en Verhagen, dy moatte foar it ljocht komme, fynt vriend Wilders.  Dy ha it neffens him sitte litten. No merkt vriend Wilders net dat dy mannen wat dogge. Verhagen hat de leste twa wike al trije kear yn it noorden west, hy sil aanst noch ien kear komme om te sizzen dat alles wat hy tasein hat wer ynlutsen wurdt en de CO2 lokaasjes kin har mar opjaan….. Mar Verhagen en Rutte bin wol oeral mar de media litte gjin ljocht skine. Dy sette wol vriend Wilders op’e foarsiden.. Dy gie mei trije ferskillende hûntsjes te skiten, dat wol sizze dat skiten diene dy hûntsjes en de stront waard oprêdden troch de befeiligers fan vriend Wilders. Der meitsje se foto’s fan. En dy sette se op de foarsiden. En dus tinkt vriend Wilders dat hy yn de kampagne mear docht as Rutte en Verhage. En dat dy skerp foar it ljocht komme moatte. No ja dan is it foarstelber en foarspelber dat Rutte en Verhagen daliks reageare, want dy bin ek yn de kampagne, en  Rutte neamde de utlitting al belachelik al sei er net dat dy hûntsjes bedoelde. Mar dat hindert allegear neat. Want troch dat gedoch gean jim allegear nei de stimbus. Vriend Wilders, wat in move. Mar jim mei wol op oaren stimme hear, dan boartet vtiend Wilders fierder mei de hûntsjes.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s