Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 01

Jacob, ik bin hielendal ferslein. De aginda fan Omrop Fryslân oer wat der hjoed barre sil hat noch nea sa lang west as hjoed. Da’s in rare sin. No ja, dat komt omdat dy aginda wol lang is, mar dat der neat yn stiet. It ienige wat wy hjoed dwaan kinne is harkje nei politisi. Dy dogge  en sizze alles wat we freegje, je kin it sa gek net betinke. Se fljogge fan  it iene nei it oare. Fan de iere moarn , Piet Adema en Sjoerd  Galema heare jim daliks al, oant de lette jûn. Jim heare se net allinne, se dogge ek de meast gekke dingen. Dy’t se yn harren normale libben nea dwaan soenen. Oandacht lûke, sjaaltsje om, kom jongens kom. O wat bin wy der foar jim.

 De Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân smieten der in befolkingsûndersyk yn, net te leauwen. Derút blykt dat de befolking de kranten wol aardich lêst en de Omrop wol aardich beharket of besjocht, want de útkomsten bin gelyk oan de gefoelens fan de sjoernalisten. No ja der sitte fansels nuanses yn, Piet Adema kin alle dagen foar de mikrofoan omme, der is hast net ien dy’ t him kin  Slimmer is dat it de minsken net echt ynteresseart, 55 persint antwurdet neutraal, dat wol sizze, wat kin my dat skele, op de fraach at se al of net betrouen yn it provinsiaal bestjoer ha.55 persint, mear as de helte kin it gjin moer skele. Dat moatte dy krante en dy omrop dus folle better útlizze.Ik begjin wol: De provinsje krijt út Den Haag ûngefear de helte fan it troch ús betelle belestingjild wer werom, om dêr dingen mei te dwaan. Alle wetterskipslêsten dy’t wy betelje, de provinsje regelt hoe ’t dy bestege wurde. De provinsje heft opsinten (en net te min) op de wegenbelesting, der beslist de provinsje sels oer wat se dêr mei dogge.

De provinsje beslist wer’t de provinsiale diken komme. Sterker de provinsje moat oan ryksdiken by betelje oars docht it ryk hielendal neat. De provinsje bepaalt wa’t subsydzje krijt. En , slimmer want mear foarkommend, wa net. Fiif deputearen meitsje de foarstellen, 43 steateleden hifkje soks, mar bin fia de partijlijn mei de deputearen ferbûn. Mar wy sizze dat we der al of gjin betrouen yn ha dat soks goed bart. It kin net sa wêze dat it sa is. In grut diel fan wat jim fertsjinje ferdwynt yn de oerheid, en dêrfan bepale sy, mear noch as Den Haach, wat der mei bard. En der bin genôch saken wer’t  je foar of tsjin wêze kinne. It kin net sa wêze dat it je neat skele kin. At jo in tientsje oan ien fan de bern jouwe wol je ek witte wat se dêr me dogge, je ha der gjin ynfloed op, da’s wat oars, mar je wol ’t wol witte. En je kinne fertelle at je der al of net betrouen yn ha.

At jo jierliks 25 euro jouwe oan in feriening , fan fûgelwacht oant iisklub, dan ha je der betrouen yn dat de bestjoersleden fan dy klubs der de dingen mei dogge dy’t je goed fine, oars dan hâld je op mei dy 25 euro te beteljen. En foar it hûndertfâldige kin it je neat skele? Kom no.

Dêr komt noch  by, de kwaliteit fan  it provinsiaal bestjoer wurdt faak beslist troch wat se yn Den Haach berikke, dat Fryslân ek noch wat ekstra fan de sels ynbrochte belesting sinten krije kin. Ommers, we ha sa’n bytsje minsken, dat we ha noch al wat mear nedich as at we sels betelje kinne. No ek dêr kin je al of net betrouen yn ha, krij we genôch jild en mooglikheden om de dingen te dwaan dy ’t der neffens jo barre moate.

Alles mei jo dwaan, oant en mei net stimme, jo eigen kar. Mar jo kin net ûnferskillich wêze.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s