Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

0303

It is fannemoarn hiel simpel,wy ha hjoed it debat fan de ferliezers en winners fan de ferkeizings fan juster, dus ik mei op jim gestim fan juster ôfstimme. Lekker puh.

Fryslan is oars, dat seine de Fryske politisi de hiele jûn yn ôfwachting fan de útslaggen, en ferdorie,  se krigen gelyk. Ten earste dat de útslaggen sa let kamen, ik wit och net iens at se wol binnen binne. Noch in dúst om dy lytse gemeenten op te heffen, dan  wol in better ûnderwiisbelied te meitsjen, we kin net telle of der bin te min  minsken om it te dwaan. De opkomst is heger as yn de rest fan it lân.  Snits en Hearenfean befoarbyld boppe de 60 persint. CDA ferliest mar lang sa foars net as bygelyks yn Limburg. De PvdA foarige keer heech op it Andriessen effect ferlear net iens safolle. De PVV wûn foars fanút it neat, mar lang sa bot net as yn de rest fan Nederlân. De VVD wûn, mar it wie hjir in bytsje. D66 wûn hjir ek mar lang safolle net. En sa kin ik trochgean, it wie krekt as waarden de rantsjes hjir wat minder skerp slipe. Mar it komt miskien ek wol omt we wat provinsialer binne, want de winsten sieten fansels yn Pechtold. Yn Wilders, it ferlies yn Verhagen.

Fraach is dus dogge we wol goed mei. Nee. Wy ha dat ferhipte Frysk Dat ha we tsjin. Dat makket alles oars. En dan bedoel ik net inkel de taal, mar ek it gefoel. As je jierren en jierren op in partij stimd ha , dan  moat der hiel wat barre as jo dat ynienen net mear dogge. Yn Limburg giet in hiele bosk fan it CDA nei de PVV, wy dogge dat net massaal. Ach, der is ris in CDA er dy’t sa dwers is,  dat er om giet,  mar de grutte massa docht dat net. We ha allegear efkes by de brêge stien te praten, konstateard dat net ien it goed dien hat yn de polityk, en dan kuierje we nei it stimburo en stimme sa’t we altyd stimt ha. Fansels, we bin ek gewoan nederlander, dus at der wat nijs en oars op de merk is, dan wol we der wol wat fan ha , mar ek de PVV wûn hjir lang sa bot net as yn parten fan de rest fan it lân.

De gefolgen, simpel, net ien wol mei de PVV, dus dy sit netsjes yn de opposysje bankjes. Mar dan komt it.  

SIl ‘k jim fertelle hoe’t it giet: PvdA begjint , is no de grutste.  Tusken heakjes te hoopjen dat se net sa oermoedich wurde as yn 87 , doe’t se foar it earst baas wiene en buten de skuon ronnen , no dat ronnen se op, der ha se wol tsien jier lest fan hân. No se prate earst mei it CDA, dat bin se oan elkoar ferplichte. Tegearre ha se temin. It CDA wol de VVD mei ha, mar dat wol de PvdA leaver net, dan bin se yn de minderheid, dus dy wolle de FNP wol yn it kolleezje ha. De PVV net om de holdoekjes en de SP net omt dy net mei it CDA  kinne. En de  FNP dat wol it CDA net. Dan ûnstiet der in fase weryn yn achterkeamerkes fierder praat wurd. Se witte wol dat it einlik 4 deputearen wurde moat. Dus twa PvdA , ien  CDA en ien in oar, da’s ek niks. En dan begjint ien te praten, en foardat je it witte is der in parsekonferinsje mei de linkse partijen. De linkse mearderheid is nammenlik mooglik. Dan moat je wol D66 yn de kroade lûke, mar Marieke wol wol. De CU soe  meidwaan kinne, mar dan moat se earst de rjochtse Adema slite. Mar SP, Grien Links en sa dy wolle wol meidwaan. De FNP is miskien noch de moeilikste mar dat slochtsje jo oer troch harren in deputeare  te jaan. Ja, da’s de ienige mooglikheid . Dat koe Dankert net iens yn 1987. In linkse mearderheid.

Hans Konst,  Jannewietske de Vries,  fan de PvdA Jehannes Kramer fan de FNP en Grien Links en de SP sykje der in goeie deputearre dy’t links en natoerlik oanhinget by ik kin der sa gau net opkomme , mar in soarte fan Fryske Winsemius. Prof Folmer of Theunis Piersma of sa. O dat soe in moaie bak wêze, dan bin we echt apart, de rjochtse regearing rêdt it yn de Earste Kamer en hjir is in linkse mearderheid.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s