Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 03

It is hjoed ynternasjonale frouljusdei. We fiere it al , al wisten de measte froulju dat net, sûnt 1912 yn Europa. Ien fan de foaroprinster wie de Nederlânse Alletta Jacobs en dy hat der mei foar soarge dat de frouju yn 1919 aktyf kiesrjocht krigen. Yn Nij Seelan wie dat al yn 1893. Om, mar in dwerstrjitte te beamen, dat neamden wy doe in net goed ûntwikkele lân. Mar goed dat wie it ferline, we bin no by it no. Moat der no noch in ynternasjonale frouedei wêze. As je nee sizze, dan dooch je net by de froulju, as je ja sizze dan dooch je net by de manlju en as je miskien sizze fan sit je yn it CDA. Lit ik sizze, dat frouljusdei net bysûnder is, mar froulju ha fansels alle rjocht sa’n dei te hâlden.

Dat wol sizze, ik blêderre wat troch yn de aginda saken en doe die bliken dat hjir yn Ljouwert, fan freed ôf  in beurs hâlden wurde sil, en dy beurs hyt Vrouw en dan in útropteken. Dan tink je noch as man, wat moat dat útropteken. Mar as je trochlêze dan blykt dat dy beurs sjen litte sil dat de frou stoer is. Eeeh….. of wêze moat, dat wit ik eins net. Wanneer ben je een stoere vrouw, als je een wereldreis maakt of een appeltaart bakt. Fraachteken. Ja ik ha leaver in frou dy ’t beide docht, mar lokkich meitsje se der wer sa’n algemienheid fan dat it der net mear ta docht: Een stoere vrouw staat midden in het leven en ontplooit haar eigen identiteit. No wat wol je noch mear. No dat je ek noch efkes sjogge yn it WTC hotel, dêr komme froulju absoluut net gesellich mar wreed by elkoaar yn wat hyt ( en eins moat je dat stean sjen) , it stiet der hiel stoer: Carriere Event Vrouw apesturtsje Work. Of yn it Frysk wurk.

Ja , ik wit net, it sil allegear wol moatte, mar de measte manlju fine it dochs folslein gewoan dat froulju wurkje en in karriere ha. Der sjocht dochs net ien mear raar fan op. Ach, fansels der wiene oare tiden, bygelyks doe’t Ljouwert in frouljusfoarkarbelied hie en by de beneaming fan in gemeentesiktaris alle manlju yn de jiskeamer smiten waarden. Ja dan wurdt je net lykweardich behannele en dan begjinne de manlju te piipjen krekt as de froulju piipen doe’t se net lykweardich behannele waarden. Dat is toch no allegear oer.

In kwart fan de froulju seit, nee , dat is net oer, we fiele ús noch hieltiid net lykweardich. De helte seit fan dat it no wol giet en it oare kwart hat it nea wat skele kinnen. Der is fansels wol in hiel soad feroare, want net allinne de lykweardigens makket it oars ek de ekonomy , dy betsjut dat je eins mei syn beiden wurkje moatte om in goed hûs en foldwaande ynkomsten te hawwen. No ja der sil wol in hiel soad studzjes op loslitten  wurde. Dy lêze we allegear echt, hear froulju.

Mar moat der noch in lyts stikje op, stoer? No dat sil we gewaar wurde no’t Hans Konst de meast stoere politika Margreeth de Boer útnoege hat om Fryske polityke God te spyljen. Ja, Margreeth de Boer is stoer, dat sizze de measten teminsten. Ik ha it noch nea ûntdekke kinnen. De Boer is in echte polderfrou, do wat, ik wat, wy allegear wat. Net tefolle easkje, net tefolle weijaan. Har eare wie hjir fansels it boargemastersskip fan Ljouwert, of better waarnimmend boargemastersskip. Goh wat wie dy goed, ik hear it noch minsken faak sizzen. Mar at jo Loeki van Maaren opfolgje, ja dan hoech je net iens frou te wêzen om soks better te dwaan. Van Maaren wie echt net stoer. Mar De Boer ek net. Ik ha Margreeth de Boer noch nea betraapje kinnen op ek mar de lytste ûnfersichtigens. Dus wy krije mei har echt gjin stoer links kolleezje, mar in polderploechje. Twa PvdA, ien CDA, ien VVD en ien FNP. Fiif deputearren omt dat polityk better útkomt. Spitich. Mar ik kin sa hurd ek net in stoerder wiif betinke.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s