Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

09 03

Yn oktober hiene we it berjocht dat in bedriuw út Nij Seelân ûndersyk dwaan  sil at de ambulances yn  Noard East Fryslân wol op it goede plak stean. Sil ik dy sin jitris sizze? Yn oktober foarich jier ha we it berjocht hân dat in bedriuw út Nij Seelân ûndersyk dwaan sil at de ambulances yn Noard East Fryslân wol op it goede plak steane.

Ik ha yndertiid mei ferbjustering nei dy sin harke en kaam doe ta de konklúzje dat ik myn mûle net iepen dwaan moast mar dat it fansels de tarieding wie foar in yngewikklelde 1 april mop. Mar wat docht no bliken, dat ûndersyk ha se foar in part al dien. Sterker , hjoed wurde de earste útslaggen bekind. Mar ik kin it noch amper leauwe, dat kin dochs net wier wêze.

In  bedriuw ut Nij Seelân moat ûndersyk dwaan yn Noard East Fryslân. Oftewol hoe kin je op syn gaust it measte jild yn de Dokkumer Ie donderje.

Wis, wis, ik kin it werwurd al . It bedriuw Optima Corporation hat de sifers fan alle ritten fan de ambulances yn de lêste seis jier besjoen,  jong. Ja no en.? Kin dy statistyske jongens en famkes fan de NHL dat net. Of fan Stenden, dy kin  ek noch geweldich nei har sels ta telle. Werom soenen je foar seis jier sifers bûtenlânders fan 24 oeren fleanen fier , nedich ha.

Omdat dy lju ek yn  de Feriene Staten en Kanada ûndersyk dien ha. Ja wis , hoe koe ik dêr no net op komme. At jo yn Toronto, New York en Chicago de plakken fan de ambulanses regele ha, dan moat dat ek yn Engwierrum en Jouswier fansels. En at dy Indianen en Eskimo’s dat dwaan wolle dan moat se dat folslein sels witte. Asjeblieft, tink dan ris nei, wer’t it wurd Optima foar stiet. Precies foar de kosten, optimaal.

Ut de sifers per dei moat bliken dwaan wêr’t de ambulanses it meast nedich binne. Gruttere ûnsin is der yn  jierren sels net yn Dokkum ferkocht. In  ambulanse moat alle dagen earne oars hinne. En werom  elke kear nei it sikenhûs. Mar at út de sifers bliken docht dat der twa kear yn dy seis jier in gefal yn Foudgum wie, dan wit nimmen at je der it kommende jier noch trije kear hinne moatte of de  earste fiif jier net wer. Dat wit nimmen. Der kin je dus net ûndersyk nei dwaan. Ja, je meie dêr wol ûndersyk nei dwaan, mar der gjin gefolgtrekkings foar de takomst útlûke, dat is hiele foute statistiek. Heechút kin je sizze dat yn de ôfrûne jieren de ambulanse in kear op it ferklearde plak Stien hat.

It ûndersyksburo fan Nij Seelân is noch net klear. Letter moat datselde foar de hiele provinsje útsocht wurde. Ik wurd mei de menuut lulker. It byld foar Fryslân is dochs dudlik. Der moat 4 ambulances mear wêze as yn in rânnestêdprovinsje, sjoen de ruilferkavelingsdykjes en de dêrop ridende trekkers dy’t breder binne as dy dykjes. Boppedat moat der yn it Noard Easten noch ien ekstra komme, om te bewizen dat de sintrale as nedich is. En elke feedokter, elke lytse installateur, elke deade ko-opheller, elke skoaltaksisjauffeur, elke omropsjoernalist, elke Tryatertoanielspiler, elke fuotbalsupporter kin it provinsiaal bestjoer útlizze wer’t dy dingen it bêste stean kinne, Ja ik wit ek wol dat it in finansieel ferhaal is, as je it oer ekstra ambulanses ha, mar as je dêr oer yn sitte, rop dan ris in kear lûd we ha’t fout dien hjir yn Fryslân, we wienen te sunich, we liken wol Grinzers, en we moat in pear ambulanses mear  ha , dan mar deputearre auto’s minder . Mar net sa ferskrikkelik ûnnoazel wêze en hier in Nij Seelâns bedriuw yn om in pear optellinkjes te meitsjen en betelje dêr o sokke djoere oeren en fleantugem foar. Ek Nij Seelanders kinne net yn takomst sjen.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Jo hawwe seker gelyk. Studinten fan NHL / Stenden soene dit makkelik kenne utsykje. Der soene eventueel extra ambulanseposten by kinne, mar we hawwe der al 12 posten op it fêste lan, en 5 op de Wadden. It binne genoch, alline de ferdeling moat oars.

    In oare oplossing soe de First Responder wêze. Dat is dat de brânwacht foar levensbedreigende saken utrukt, as in hertstilstân, verslikking, slagierdelike bloedingen, etc. We hawwe per slot fan rekening 66 brânwachtkorpsen in Fryslân, diet binnen 8 minuten ter plak mat wêze by in incident.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s