Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

 

10 03

Hjoed begjinne yn Inzell de wk ôfstannen yn it reedriden. Ek foar Fryslân is dat in grut evenmint, ik skat yn dat it der bomfol sitte sil mei Friezen. It is ek de muoite wurdich. Inzell is in prachtich plakje dat wat heger yn ‘e bergen leit, mar dan krekt yn sa’n soarte leegte, echt leaf. Freonlike minsken, dogge net Dúts oan, alles is maklik, al bin se der fansels wol op út je finansieel sa goed mooglik út te klaaien. Mar yn myn tinzen sil altyd sitten bliuwe in moarn, alve oere, hearlik yn it sintsje sitte op de tribune, en sjen nei sa’n prachtige training fan Shirahata. Dy man koe sa moai ride, mar hie gewoan  gjin krêft genoch om dy ferfelende Postma’s en Ritsma’s oan de kant te fegen. Mar dy training, as er net folút gie, o wat wie dat moai. En doe gie de tillefoan, en doe  wie’t immen fan it wurk en dy sei, it sit der yn dat der begjin nije wike in alvestêddetocht is, se ha iistransplantaasje útfûn. Hy is net trochgien, it wie 96, mar Sippy en ik ha in frjemd wykein meimakke. Alle Friezen sieten om ús hinne doe’t Kroes yn Ljouwert begûn te praten en yn Ljouwert wie net ien dy’t ferlet hie fan de keningsrit tusken Postma en Ritsma. Mar goed Kroes sei nee.

Friezen hâlde fan Inzell. En no’t de baan dêr ûnderdak kaam is, dat wolle se fansels allegear efkes sjen . Is Inzell like moai en gesellich? Ik tink it wol. Mar wy ha dan altyd noch ien foardiel, we hâlde ek fan wat op dat iis bard. En dat komt hieltyd wer wat tichter by ús. Margot Boer, de Woubrugse, wennet yn Grou, Jan Smeekens wennet hjir, Stefan Groothuis, Marit Leenstra fan Wyckel , Bob de Vries , ek al dy oaren wenje hjir sawat, traine op ús iis,  en de measte trainers bin Friezen of wenje hjir al jierren. Ireen Wüst waard sels sportfrou fan it jier fan Fryslân, der hie de Goirlese noait oan tocht. Mark Tuitert net, wennet hjir ek al lang en krekt as Ireen ek Olympysk  goud op de 1500. Sven waard ek net sportman. Sven net? Der is toch in faksjuery foar dy priis. Ik ha der jierren lyn ek noch in perioade ynsitten. Dan keazen we Harm Wiersma , of Hilbert van der Duim , no ja soksoarten , de beste sportlju fan it jier derfoar. Dus ja der is in faksjuery en dy ha yndied Sven Kramer op it earste plak set. Winner goud 5 km, en at dy irritante Drint der net west hie wie der ek winner wurden op de 10 km. Olympysk goud, inkel troch Friezen foar him  helle troch Ids Postma yn 98. Gjin twifel oan, prima sjuery. Mar wit jim wat der doe bard is, doe ha de minsken fan Sport Fryslân, dy ’t soks regele, mei Sven belle en dy woe eins net komme, want hy fynt dat allegear neat, no doe seinen se fynsto it dan goed dat we in oar sportman meitsje, en Sven kin dat neat skele, en doe ha se dy leuke frisse Epke Zonderland sportman makke, troch it ferhaal tefertellen dat de minsken fia ynternet him boppe Sven ferkeazen ha. Dus net sein: Sven is it eins, mar dy komt wer net, dus huldigje we Epke, nee it publyk kiest Epke boppe Sven. No it kin dat publyl neat skele at Sven al of net de priis ophellet, foar dat publyk is inkel belangryk wa is de beste sportman fan 2010. En it publyk is ek net ûnnoazel, en dy faksjuery helenmaal net. Dy hat noch mar ien ding te dwaan, ôftrede. En dan moat der sa’n kommoasje komme dat se ophâlde mei dy prizen , of se moat it op âldjiersdei dwaan. 2010 is foar ús al dea. No ja fierder hindert it ek allegear neat. Alline sit Sven tús, en dy hat mar ien gedachte wylst er mei in each nei Inzell sjocht, oar jier sil’k se sjen litte wa’t de beste sportman fan Fryslân is, watte , fan Nederlân, dêr hat Epke my ek al oan de kant drukt, watte , fan de hiele wrâld .

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s