Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 03

Yn de rin fan  hjoed, it sil wol let wurde, dan wurde we mear gewaar hoe’t 23 maaie de Earse Keamer derút sjen sil. Nee, der is neat mei de grutte partijen, ik ha begrepen dat der no tsien Universiteitsprofessoren dwaande binne om de stimmen sa te ferdielen dat it dochs in regearingsmearderheid wurdt. Jim witte, in stimmend Frysk steatelid is hûnderten kearen minder wurdich as in Súdhollansk, dy’t mear minsken fertsjintwurdigt. Hiel yngewikkeld systeem, sa sit de wet no ien ris ynelkoar. Kloatewet, mar ja wat yn 1848 troch Thorbecke makke is, smyt je net daliks wer fuort. Boppedat moat je derfoar 2/3 mearderheid ha, en dy is yn Nederlân nearne mear foar te krijen.

Nee, it giet hjoed oer de OSF, de onafhankelijke senaatsfraksje. De FNP-er Hendrik ten Hoeve fan Stiens hat de lêste jierren Earste Keamerlid foar de OSF west, siet op it krusiale stuit moai yn’e midden, mar hat doe mei it regear meistimd. Dat hie der nea dwaan moatten , no ha se net genôch sitten foar in  folgjende peroade. Mar ja se ha noch wol stimmen, wêr moat dy hinne, hoe moat dat. Of kin der miskien noch wat, tritich profesoaren fan oare universiteiten bin oan it rekkenjen.

Wat is dy OSF eins? In samling lytse partijkes, faak ûntstien út ûnfrede. Sil’ k ris in taast dwaan:

Platform Lokale Partijen Utrecht ( natuurbehoud in overeenstemming met economie) Platform Lokale Partijen Zuidholland (Laat de gemeentes goed samenwerken, dan is de provincie niet nodig) Partij voor Zeeland ( maakt zich zorgen over het Belgische wegenvignet ) , Partij Nieuw Limburg, (wil bestaande industrieterreinen beter benutten en onnodige nieuwbouw voorkomen) Onafhankelijke Partij Drente (pleit voor de opvang van asielzoekers in het land van herkomst) Ouderenpartij Noordholland (deze rijke provincie kan de crises makkelijk opvangen zonder dwaze bezuinigingen) Provinsiaal Belang Friesland (leegstaande kantoren ombouwen tot woonruimte) Partij voor Het Noorden (Fryslân moet bij Groningen) en de FNP (Fryslân nea by Grins)

Hoe’t Ten Hoeve dat klearspile hat, om de Earste Keamer te fertellen wat dy ferskillende lju fine. Frou Kraak fan Kortgene is siktaris, meneer Lennertsz fan Geleen is ponghâlder en wit jim wa’t foarsitter fan dy twa suderlingen is, Jaap van de Bij, hy neamt himsels Jabik van der Bij fan Twellegea. Ald direkteur fan wat doe noch gewoan de chr hege skoalle wie , letter de Ried fan de Fryske beweging en no dus fan de OSF.  Dy hat hjoed de net maklike taak om te besykjen der noch wat fan te meitsjen. Dat sil niks wurde, want dy OSF sit alwer op syn ein. Sla de site fan OSF marris iepen, en druk dêr de toets suksessen oan. Dat giet oer eat fan 18 febrewaris 2007.….Dien.

Mar de FNP moat dus 23 maaie al stimme. Op wa, want guon kin der mei in restje fan wat se fierder ha krekt mei dy FNP stimmen oer de streek komme. Geart Benedictus tinkt, dat no’t it CDA krekt tekoart komt om him op’ e nij wer in Earste Keamer sit te jaan, dat de FNP wol op him  stimme sil.  Hy is ommers ek in Fries. Mar dan soe it de FNP dus neat skele moate hokfer kleur jo ha, at je mar Frysk binne. It soe kinne, mar ik tink dat der no yn de FNP ek minsken binne dy sizze, we hoege dan ús stânpunt net mear ôfhingje te litten fan al dy oare lytse ûnfrede partijen, wy kinne gewoan neffens ús eigen programma stimme. En dat programma komt net oerien mei dat fan de hjoeddeiske regearingspartijen. Of ja, dat is miskien it simpelst, Van der Bij, jo komme jûn wer werom en dan sis je jongens ik ha de OSF opheven, en stim jim as FNP ers no mar gewoan op Grien Links, dat doch ik lannelik ek altyd. O, ik sjoch de kop fan Rutte en Verhagen, o en dy fan Benedictus al…..

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s