Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 03

Der bart hjoed fan alles.Ten earste sil de Earste Keamer prate oer natoerbelied. Nijsgjirrich, want it is de âlde Earste Keamer, 23 maaie komt der pas in nijen. En dy âlde Keamer sil no steatsiktaris Bleeker wize op syn domme Grinzer ferstân, dat je natoer net oer board smite moatte. Oeral bin se no benaud, bygelyks yn Gaasterlân, wer’t se sa’n wrotten west hat om it klear te krije, âld deputearre Jansen krige noch in stoel nei de holle,  en it soe no net ôfmakke wurde, dan hat alles fergees west, oant en mei dy stoel. En wat bart der dan? Is de kompensaasje dan noch wol folslein? Nee! Tagelyk tinke fjildminsken dat de amtlike struktuur fan de natoerorganisaasjes in soad yn de wei stiet en sy sjogge it mear yn gearwurkje mei de hanneler yn lânskip, de boer. De polityk  sjocht der ferlekkere nei, mar dy boer wol jild sjen en dat is der no wer net, dêr sit Bleeker op.

Oer natoerorganisaasjes sprutsen, de Waddenferiening komt hjoed foar de Ried fan State tsjin de provinsje te stean. Op himsels in sinleaze saak. It giet oer de ôffalouine yn Harns. De Waadferiening tinkt dat de provinsje de natoerbeskermingswet hanteare moaten hie, de provinsje seit dat de ôffaloune gjin ynfloed hat op de natoer. No ja dat is fifty fifty ,  lykspultsje en it hinget dus fan de Ried fan State ôf  hoe’t beslist wurdt. Mar tagelyk is wol aardich dat de PVV  syn aksjes tsjin de oune trochset en de regering ferge hat om dêr ek ris wat fan te sizzen. En dat soe dy regearing hjoed ek dwaan. En no hoopje ik dat de Ried fan State en de regearing wat ferskillends sizze. Dêr leve wy sjoernalisten fan, komplete betizing .

En út it meitsjen fan ferkearde konkluzjes. Sil ‘k ris ien dwaan? No de Cambuur spilers, krije hjoed in iishockeyclinic. Wat moat dat, midden yn de beslissende einfase fan it seisoen, dan  moat it dus betsjutting ha , moat it in ûnderdiel wêze fan it striidplan fan Arts en de Jong. Mar wat ha je no oan iishockey? O dan moat se seker ek wat rûghouweriger fuotbalje, komme se desneeds tenei mei in stick stok it fjild op, slaan se harsels de play offs yn? Spuitet it bloed aanst oer it Cambuurfjild?

 Sjoch jim hoe fier at soks gean kin. Dy jongens ha gewoan hjoed wat wille. En dat kin wolris folle wichtiger wêze.  

No we bin no dochs by de sport , it earste ljipaai koe dit wykein  net by KdK Jorritsma yn it pantsje lein wurde ,want dy wie yn Inzell. Hy sil hjoed ferslach dwaan fan syn lobby oer Thialf dy’t hy yn Inzell dwaan soe. Dat is it ferhaal. Doe ha’k der efkes by neitocht. Lobby foar Thialf , yn Inzell? Is dy man no hartstikke idioat wurden . Want moat je dan yn Inzell? At je al dy lju fan de reedriderswrâld no al nedich ha soene, dan hie hy dy fjouwer kear yn Thialf treffe kinen, nee wol seis kear, want bûtenlânsk gedoch hat Thialf neat mei te krijen, dy betelje  echt net mei. Sterker, Doekle Terpstra en KPN ek net. As je lobbye wolle dan moat je nei Den Haach en Grins, dêr moatte de sinten weikomme. Jorritsma woe wol efkes nei de wraldkampioenskippen ôfstannen, en hat de Nederlânske medailles meifierd. Bêst, gjin beswier tsjin, de ljip koe wol wachtsje. Mar deklareer dat net by de provinsje ûnder it motto dat je foar Thialf lobbye moatte yn Inzell, want dat bestiet net.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s