Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 03

Moarn is it iepen. It is mar ien dei , mar it bin allegear iepen dagen. Soarch, skoallen, alles is iepen. Wat bin iepen dagen?

Iepen is inkel dat de doarren los binne. De rest bliuwt wol ticht. Ja, nee, elkenien is wolkom , elkenien krijt miskien in bakje kofje , elkenien krijt foarljochting, mar dan hâldt it ek op. Want sels de ynformaasje is net hielendal iepen. Dat is ek wol logysk, asto by in skoalle komst , dan fertelle se dy net dat bepaalde opliedingen aanst gjin wurk mear opsmite sille. He, nim mar meiwurker kearnsintrales, dy ha je aanst net mear, mar ja in skoalle hat de oplieding meiwurker kearnsintrales noch wol en se wolle alle opliedingen fol ha, want sa’t jim witte wurdt de kwaliteitssifers fan ûnderwiis bepaald troch it tal learlingen. Folplempe dy hap. En yn de soarch fertelle se fansels wol dat er hûzen fol poeslieve âldsjes sitte, net dat se om de fiif menuten ek noch yn’e broek pisje.

Moarn is der ek in iepen dei op de golfbaan fan St. Nyk. In iepen dei fan de besletten wrâld fan it golfjen, golven, wat is it eins yn it Frysk. Wurdboek derby. Dit is wol hiel singelier. Golven yn it Nederlân skreaun mei in v, dat is weagje, wâlje en baarje. Mar dat giet oer seegolven, dat hiet tsjintwurdich tsunami’s of sa. Mar dan komt it golfen, de sport, is yn it Nederlânsk mei in  f. En yn it Frysk golvje, mei in v. In v , dy kinne we yn it Frysk eins net, dan stiet it yn it Hollânsk al moai mei in f, en  dan fertale we it ynienen mei in v. Dat hie âlde Gysbert Japickx nea betinke kinnen. Golvje. Golf spylje.Ja dan is it wer mei in F. Frjemd folkje bin wy.

No ja ek wer net sa frjemd, we gean net massaal nei de golfbaan (mei in f) . Dus moat we nei de iepen dei. Yn St. Nyk. Dêr kom je trouwens net sa heel folle friezen tsjin hear, want dy baan wurdt meast brûkt troch minsken út de rânnestêd , werfoar it goedkeaper is om in oerke nei St Nyk te riden dan nei de golfbaan njonken harren hûs te gean. Dat jout it probleem fan golvjen ek oan. De sinten. It kostet rûchwei tefollle. Ja moarn kin je dêr ite foar 17,50, mar nim fan my oan dat se op de iepen dei net fertelle wat it gewoanwei kostet. Djoer, ek wat  de outfit oanbelanget en dat makket dat it in bepaalde groep, klasse,  is dy’t golfet (dat wit ik net in v of in f is) wertroch it in frij besletten sport bliuwt. Jierrren lang hat dat mei it tennis yn Fryslân ek sa west, mar doe’t de rackets wat goedkeaper waarden, je net inkel mear wite klean oan hoegden en de ferienings leechrûnen en dus yn ledejild nei ûnderen giene, doe waard tennisjen in gewoane folkssport, al meie der noch wol wat mear banen  by hjir en dêr. Ek golfbanen soenen derby kinne, yn Fryslân is der noch wol plak foar, we ha de romte. Hiel frjemd dat in plak as Wâldsein, wer’t in  hiel soad rekreanten komme, werfan no al de helte b y de golfklasse heart, net trochgean mocht mei it ûntwikkeljen fan in golfbaan. Golfen is noch net hiem, ek net by gemeentebesjoerders, dy’t blykber noch  yn in oare klasse sitte. Want wy Friezen gean moarn noch antifouling ûnder ús fjouwer meter boatsje te striken, de fouwkaravan ris te himmeljen of te aaisykjen.

Mar op de dei dat de rútsjebroek net mear oan hoegd by it golvjen, dat it miel elke dei 17,50 kostet, en de baltsjes en stokkken foar gewoane priiskes yn de winkel lizze, en dat je samar de baan opstappe kinne en net wachtsje hoege op dy oare klasse, dan pas hat de iepen dei foar it golvjen folslein sin. Dus moat je linkendewei der nei ta wurkje dat de golfbaan net bedoeld is foar toeristen en oare fan bûten kommers, mar ek foar it eigen gewoane folk. Of om mei Riemer van der Velde, fanatyk golver te praten, it soe foar dy in moaie sport wêze eelke, ik kin my krekt oanpasse, mar do kinst totaal net oer de minsken dy’t it no dogge.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s