Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

22 03

It is wer safier. Fan alve oere ôf , want dan stiet it gebak al wer klear, is hiel Fryslân wer te finen op de Bedrijven Contact Dagen. De iene helte moat dêr wêze en dy ha de oare helte fergees útnoege en at it fergees is bin wy krekt Grinzers, dus hiel Fryslân is der. Baas Van Muilwijck fertelt dan aanst dat it wer in hiele striid wie, mar dat elkenien der dochs wer is. Dan seit boargemaster Crone dat Ljouwert bestiet en sok goed wurk docht foar de hiele provinsje, en dan seit Sjoerd Galema dat de Fryske ekonomy aardich dwaande is him troch de krisis hinne te wrotten. Dan nimme se in borrel en dan giet it los. Los? Wat giet los?

No de Bedrijven Contact Dagen.

Wat wat bin dat dan foar dagen?

No,  dan bin we der, yn de âlde Frieslandhal sizze we dan altyd.

Ja it WTC, dat wit ik wol, mar elkenien hat it oer geweldige dagen, wat is sa geweldig?

No ja, we bin der.

Ja mar wat dogge jim?

No we bin hjir mei alles wat we yn ús bedriuw ha en sjen litte wolle.

O, it is in tentoanstelling?

Nee, it is   …. No ja we bin hjir efkes. Mar it is net neat hear, we moatte alles yn in pear dagen opboue en ek wer ôfbrekke.

Ja, dat moat, mar wat dogge jim dy twa dagen?

No ja we bin der. Ek moai by elkoar hear mei de bedriuwen yn de gemeente en sa.

O, mar dy minsken en bedriuwen kin jim wol, dy hoech jim net mear sjen.

Eeeh nee. Dat is sa. Mar it is wol gesellich, we binne der efkes. No ja je stekke de hân ris op nei immen dy’t je kinne.. En we drinke sa no en dan efkes wat mei ien, dy’t we ek al kinne.

Mar fierder bart der neat op de Bedrijven Contact Dagen?

No da’s net hielendal wier, want alles wer’t net ien komme wol en je publyk nedich ha dat kin je moai dwaan op de Bedrijven Contact Dagen, oars ferfeelt elk him. Der wurde de Fryske reklameprizen útrikt, en ek de priis foar de meast gastfrije horekatinte yn  Fryslân. Elkenien makket reklame en elkenien is gastfrij en mar se tille der wer guon boppe út. En nimmen wit wa’t dy prizen ferliden jier noch hie, dus se ha der ek neat oan. It ienigste is dat se ek net mear witte hoe’t je soks utrikke moate en dus ha se Femke frege om dat te dwaan. Kin jim Femke net? No ik ek net hear, mar it skynt in frommis te wezen wat in boer socht  yn dat RTL programma fan de NCRV. At je no neat better witte….. it jout it nivo oan.

Dus jim bin hjir. Smyt it ek wat op?

Ja, we netwerke hjir hè, ja dat dogge we oars ek, mar hjir dogge we dat ek.

Ja mar at jim in stand opbouwe, hjir twa dagen omheukerje mei in borrel en de tillefoan, fjouwer man fan it bedriuw yn ploegen hjir omheukerjen ha, en jim moat wer ôfbrekke, dan moat it toch wat opsmite?

Ja, we bin hjir.

Ja mar ha jim ek klanten of sa?

Klanten?

Ja ren – de –ment-

Eeeh neuh….., we bin hjir.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s