Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 03

Sintrum fan it Fryske nijs is hjoed Hinnaard. Hinnaard. Wit jim dat net? No, je ride fan Wommels nei Easterein, dan troch nei Itens en dan jusjes omheech. Net te hurd ride, want je bin der sa foarby. Hinnaard is net grut. 57 ynwenners neffens de webside fan mem Littenseradiel, mar ik tink dat der no ek al wer wat fuort is, net helemaal krimpfrij. Likegoed, hjoed stiet Hinnaard dus yn de sintrale belangstelling fan it hiele Fryske folk. Ik tink dat der hast wol fiif auto’s ho hâlde sille, dat is bûtenproporsjoneel foar Hinnaard. Dat sil gâns better wurde at Hinnaard by Ljouwert komt, want Crone hat al sein dat dy doarpen folle better út binne by Ljouwert as by Johanneke, mar ik frees dat Crone noch nea yn Hinnaard west hat, en it ek net fine kin. Hans Konst wol, dy hat in sjauffeur en tomtom, da’s maklik. En de eigen wethâlder fan Hinnaard, Froukje Hernamdt wit ek wol wer’t it leit. En dan komt Willem Hoornstra ek noch, ja dy moat ek sykje. Da’s wol wat frjemd dat dy komt, hy sit midden yn de IFKS perikelen en giet no sa mar op in moaie dei nei Hinnaard, wylst er foar sneon dy skippers wer by elkoar plakke moat, en yn de kroade kwakke moat..

Mar oan de oare kant, dit is fansels wol sa wichtich, hjir kin Hoornstra ek net ûntbrekke. En blykber Konst ek net, dy sit fansels op kop en earen yn de formaasje fan in nij kolleezje. It prikt him hieltyd yn de efterholle, kin’k Galema toch noch kwyt reitsje? Ja ik moat foar de bühne it moai dwaan, dus alle begryp foar de swiere sitewaasje fan it CDA en altyd sa goed wurke mei it CDA, mar o at de minsken ris wisten hoe swier at we it hân ha,  wat woe’k dy Galema graach kwyt. En at ik CDA sis, dan sis ik ek VVD, en dan soe’k van Mourik ek noch om’e teannen ha, sokke mannen stean altyd op de ien of d’oare wize op de foarside. No ja, derom hjoed noch mar efkes nei Hinnaard, dan kom ik teminsten ek ris op de earste pagina.

Froukje Hernamdt stiet der by en tinkt, dit sil myn tiid wol duorje, Littenseradiel aanst yn de prullebak, rêstich ôfbouwe, set it mar op in jier as trije, fjouwer, dan rêdt ik my wol. Dan ha’k myn tropejieren hjir ek wol hân, earst dat gedoch mei Johanneke en dy 50 plusser, dy Waterlander, en djip read. Dan dat gedonder mei Franke Doting, hoest mooglik dat dy no wer yn de steaten kaam is, dan witte se by de VVD ek net wat se yn hûs helje, ik wol wol efkes rêstich oan. No kom der by famke, efkes manifesteare tusken dy Konst en dy Hoornstra, en dan ….., heeh in skeppe, wat moat we hjir eins yn Hinnaard?

No da’s noch in hiel ferhaal hear. Yn 2005 ûntdutsen we sykte yn de iepen. Dat neamden we dan ek de iepesykte. Iepen bin beammen dy’t wy as friezen herkinne, en dus populêr binne. Dus waard hjir de SIF oprjochte, de Stichting Iepenwacht Fryslân, en dêr is Hoornstra foarsitter fan, dy wol skûtsjemêsten boue fan sike iepen. De SIF die earst oan stervensbegeleiding, mar sa linkendenwei is it sike part better wurden, dat wol sizze omhakt. En wer’t it yn Noarwegen logysk is dat foar elke omhakte beam in nijen komt  giet dat yn Nederlân oars. Der wurdt earst jierrenlang in nij soart iep kweekt. Dat neame se in resistinte iep. Dy wurdt net wer siik. Alteast net iepsiik. Of der moat wer in nije soart iepsykte ûntstean. No ja, resistinte iep. En dan freegje wy yn in bryfke , we ha by jim in iep omhakt, sille we ea in nijen plantsje? Ja seine ynienen 150 minsken yn Littenseradiel, hoest mooglik, allergisch foar romte. En doe ha se besluten yn Littenseradiel in pilotprojekt, in proef te dwaan, en de beamen, de resistine iepen te herplantsjen, en dat dogge de bobo ’s yn’ e tún fan van der Brug. En se skriuwe der by, as it yn Littenseradiel wol, dan kin we it ek gerêst  yn hiel Fryslân dwaan. Dus at dy beam dy’t Hoornstra Konst en Hernamdt plantsje oanslacht, no dan wol it oeral wol……

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s