Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

25 03

Wat bin ik lokkich dat Hearrenfean dit wykein net hoecht te fuotbaljen. Oo, je kinne eins fan de tongersdeitejûns net in hap mear troch de kiel krije, en soms giet it oan de sneintemiddei ta troch. Elke kear dy wurgjende spanning, dy ommekear, dy komt toch no……Hy komt net. It wurdt hieltyd minder. Moandeis, tiisdeis, woansdeis libje we yn in tryste sfear, fan tongersdeis komt de spanning der wer yn. SC Hearrenfean is optheden in soarte fan konstant yn de kiel sittende braakbol.

It ôftakelingsproses giet lykwols gewoan troch. Sawol organisatorysk as spultechnysk. Wy tochten dat it net minder koe nei de bestjoerskrisis en it ferdwinen fan Sollied . Dan soe it dochs wer op nij ús Hearrenfean wurde, mei oantreklik spul,  in sûne finansiële sitewaasje en minsken dy’t der meielkoar efter stienen. Dat is net sa. Net dat ik dat wit, mar dat sjoch ik út de risseltaten. Ron Jans hat nei sneon doe’t Assaidi nei in heal oere der út smiten waard no spul mei alle spilers. De visieuze sirkel is rûn makke: elke fout dy’t in spiler makket kostet syn plakje. Dat sterket it betrouen fan de spilers net, net ien krijt betrouen, net ien hat noch betrouen yn de trainer. Opfallend, Jans begjint dizze simmer, sil besykje in  team del te setten, en draeit yn de visieuze sirkel hieltyd del, útsein in oplevinkje tsjin Twente, mar echt dat hie ek oarsom kinnen. Dat heart der ek  by, Hearrenfean hat gjin gelok hân yn de earste fase. Mar yn de twadde bin se weisakke. En sneon wie in echt djiptepunt, as je sjogge dat spilers alllinne mar mei harsels dwaande binne, de rest kin har neat mear skele. Ik wik jim dat in hiel swikje no al dwaande is om fuort te kommen, en Jans fynt dat wol bêst want dy wol allegear nijen ha, en Hearrenfean kin dy nijen net betelje, want de spilers dy’ t fuortgeane bringe neat mear op omt se sa min spylje. En sa draeit de visieuze sirkel net alline it spultsje de nekke om , hiel  Hearrenfean draeit mei nei ûnderen. En as je dan , nota bene op de dei fan Heracles-Hearenfean, as direksje , ynklusyf Johan Hansma dy’t toch de technyske lieding hat, mei 160 sponsors ôfreizgje nei in lullich wedstriidsje fan Barcelona dan wurdt je it net echt gewaar as direksje dat der wat barre moat.

Want as je sa it seisoen útgeane dan hoech je net mear oer útwreiding fan it stadion te praten, lykas at no al wer dien wurd, dan sit it oare seisoen fol lege plakken, en as dy plakken net betelle wurde……. Der moat wat barre.

Oan it útjaan fan  sokke djoere reiskes, oan dus de hiele eksploitaasje, oan it spul, oan de hiele technyske gedoch, want ek de oare teams fan Hearrenfean fuoltbalje , lit ik it mar net te wreed sizze , ûnder harren nivo. Oan ……oan alles eins. Want je sjogge dat de echte âlde jonges hieltiid mear mei de rêch nei Hearrenfean ta sitten geane, en at njonken de belibbing ek de gesellichheid noch ferdwynt, dan is Hearrenfean gewoan in kâlde bussinessklub, en da’s hiel ûnfrysk.

Mar dat regelje dy jongens dy’t dêrfoar oansteld binne mar, de kommissarissen  (wa bin dat), de  stiftingsbestjoerders (wa bin dat), al hoopje ik dat se rekken hâlde mei dat ûnfryske. Oars  belje se Riemer noch marris om te freegjen hoe’t dat moat. It fuotbal, ja dat is wat oars. Elkenien hat it der tsjintwurdich oer  Keeper, spits, liedende middenfjilder, elk hat sa syn miening. Net faak, Nieuw Noord die’t  net iens, wurdt der praate oer de trainer, wylst yn it fuotbal dochs gebrûk is, je kin net 18 spilers fuort dwaan, en as it dan net klikt tusken spilers en trainer, ja  netstjinsteande leuke fetsoenlike  vent, goed dien, mar der moat dochs  in fraachtteken setten wurde by Jans. Folgjende fraach, gjin jild, wa dan.Yn Súd Afrika stiet Ajax Cape Town, in ploechje dat tolfde trettjinde wurde moat, yntusken op it earste plak. Under lieding fan Foppe de Haan, altyd noch Hearrenfeaner .

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s