Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 03

De hiele wike sille omrop en kranten it ha oer de formaasje yn Fryslân. Op himsels al idioat dat je soks no ek al formaasje neame, dat Margreeth de Boer earst informateur is en no ek noch formateur. Formatrice. Ik bedoel it is dochs net mear as wat progamma-ideekes op tafel smite en gau wer ynslokke at in oar it net wol, want der is mar ien ding wichtich, yn it kolleezje sitte. De Christen Unie is it goede foarbyld, gewoan  knikke en yn it kolleezje komme, en fjouwer jier lang stie de Christen Unie op it pompeblêd, yn byld. Da’s blykber de bedoeling fan polityk, net dat it goed regele wurdt, want yn Den Haach regelje se alles.

Dus yn provinsiaal ferbân it wurd formaasje skrasse, de formatrice skrasse , gewoan by elkoar sitten gean, bakje kofje, do dit, wy dat, wy bin de gruste, do de lyste, do krijst wat minder, wy wat mear.

It is ek idoat , en dat moat we dus ek ôfskaffe, dat we it kolleezje fan deputearre steaten sjogge as in kabinet. No way. Gjin wei, bedoel ik, de ferkearde wei dus.  Deputearren bin  gjin ministers. Deputearren bin ek gjin steatsiktarisen. Deputearren bin omheechfallen wethâlders . It hat dus ek gjin doel om dy kolleezjes in namme te jaan. We hienen in middenkolleezje, we wolle no in middenlinks kolleezje, en at dat net slagget, dan sykje we in links kolleezje want we wolle gjin rjochts kolleezje. Belachelik. Sinleas. Net te brûken yn provinciale bestjoer. It giet gewoan om in sa goed mooglik kolleezje fan deputearen. Wy sjogge dus hjoed nei de minsken:

Hans Konst. Dy bliuwt wis deputearre. Hy is, ha’k fan de amtners begrepen de ienige deputeare dy’t alles wit. Hy hie’t gebrek dat er it net fertelle koe, mar op de ien of de oare wize hat er yn de campagne in man troffen en dy hat tsjin him sein, Hans de moast dy sels bliuwe. En no rattelje de wurden derút as speerpunten . En no falle oaren , rekke troch dy speren, gewoan troch de koer. Hans lûkt gewoan fjouwer jier de karre en wurdt populêr, mar dan komt der wer iene of de oare Bos of Cohen dy’t it foar hom bedjerre, mar goed, dy fjouwer jier ha we him mar moai.

No wit ik net at er noch in PvdA-er meinimt, ik tink it wol, in fiif mans/frous kolleezje komt de PvdA better út. Jannewietske mei dat gedoch mei it Frysk noch efkes ôfmeitsje, dy ferdwynt nei twa jier, en yntusken hat de PvdA immen fûn dy’t har opfolgje kin. Jannewietske is wol moai om der by te hawwen, dy hâldt har op tiid stil.

No dan komt Jehannes Kramer derby, degelikheid troef, sit hjir al acht jier op te wachtsjen, syn hiele carriere is sa útstippele.

Deeglik. Betrout. Fersichtich. Mei in fleugje Frysk.

By Grien Links tink ik dat se Retze van der Honing kieze, de minst Grien Linkser fan alle Grien Linksers. Dy oaren ha allegear dat sêfte , dat idealisme, dat it wie eartiids sa leuk, kin it net sa bliuwe? Retze  kin dat net, at er der op ferge wurdt , beslacht er it meast mei in grapke. Jehannes en Retze twitterje beide, der gean se oan de kolleezjetafel gewoan mei troch , it wurde poerbêste freonen en úteinlik wurdt de partij Frysk Links oprjochte

En dan  it CDA. Ja , Sjoerd. Leave man, mar net fan dizze tiid. Tinkt dat at der fûgelwachters bliuwe dy’t stokjes by in ljippenêst sette, dat de ljippen dan bliuwe, hoe soenen dy no net op syn droege, mei keunstmest ferjûne lân sitte wolle. Sjoerd hat ek net tsjin de reagering stimt, benaud as er wie dat it yn it CDA oanrekenne wurde soe at je net leaf tsjin de PVV dienen. Mar Sjoerd kin’t wol. Moai kolleezje. Neat mis mei. Wat se binne. Makket dat no út, se bin fan ús.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s