Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 03

Yn de Pleats yn Burgum is jûn in diskusje oer de Sintrale As , de dyk fan Dokkum nei Nyegea.

Hoewol , it is noch in firtuele dyk. Alles siet al yn kalk en semint, de earste dingen waarden al opromme om mei it wurk begjinne te kinnen , en doe gie de Ried fan Steate op oantrunen fan Ultsje Hosper op’e remme stean, we sitte no yn de plaspauze. No en, ik sil je fertelle dat der wat ôfseikt wurdt oer dy dyk optheden. Alles komt werom. Fan it belang foar ynwenners en benammen ûndernimmers, oer der ûnfrede foar it fernielen fan it lânskip, oant it geeamel oer 80 km , 100 km. Of 0 km, gjin dyk.

De diskusje giet jun út fan Grien Links., dus it is wat in iensidige diskusje, werby Ultsje Hosper fansels op it eareplatfoarm útsprekke sil dat we tsjin dy dyk wêze moatte. En fansels ha se ek in ferkearsdeskundige fûn dy’t seit dat 80 km oer ien baan , likehurd giet as 100 km op in autodyk. No ja dan hoecht der neat te feroarjen, útsein hjir en dêr in rûnweike. No ja moterrider Willem Verf en fytser Gerrit van der Meer organisearje it jûn, dan is it wol dudlik.

Mar dochs is dy disuskje oer de sintrale as op dit stuit hiel bepalend, wichtich. Want ik freegje alle sjoernalisten en gewoane minsken jûn hiel goed te harkjen harkjen nei Irona Groeneveld, fraksjefoarsitter en listlûkster fan Grien Links. Dy sit yn in spagaat. Har stânpunt wie dudlik, gjin sintrale as en wat we werom skroevje kinne, skroevje we wer werom. Mar no hat Hans Konst op har doar kloppe en frege , leave wolst ek mei ús fjouwer jier op it steatejacht sitte. No doe kaam se gau út har keamerke en woe wol efkes prate, it weg-met-de-weg ferhaal yn it taske. Mar dermei bringt se de oaren yn in spagaat. Ja de FNP dûnset mei har mei, mar dy oare twa. It CDA hat altyd al foar in seisbaans hsl-dyk nei Dokkum west. No dan soene je sizze kinne, slikke of stikke, mar ek de PvdA  sels sit swier yn de spagaat. Hans Konst hat altyd sein dat de sintrale sa moai yn it lânskip ferwurke sit. PvdA wethâlder Houkje Rypstra fan Tytjerksteradiel lûkt ek oan dy dyk, seit dat der hiel gefaarlike sitewaasjes fan no ferdwine sille mei de oanliz en Bertus Mulder , partijfoarsitter fan de pvda , liedt de meisizzenskip fan de minsken dy’t meiprate wolle oer de sintrale as. De PvdA die mei.  

Dý PvdA is no bepalend foar de fierdere diskusje. De PvdA kin sizze, ja yndied . Krekt as Hosper seit, der bin troch Piet Adema sifers brûkt , mei stiging fan de befolking wylst it hieltiid minder wurdt, krimp. Dus we dogge it net mear. Mar dyselde PvdA sil wol hjir en dêr noch stikjes rûnwei ha wolle, as kompensaasje, je bin middenpartij of net. En dus soe it hiel ferstandich wêze at Irona  Groeneveld jûn ynienen stean giet fanút dy spagaat as in echte turnster. En seit dat sa’n scenario foar Grien Links wol kinne soe. Dus ner dat wênstige gedrang, nee gewoan tsjin Verf en Van der Meer yn sizze dat oer soks goed te praten falt. Dan is der foldwaande reden om mei de Ultsje Hopers en oaren , mar ek de ûndernimmers, ris te diskusieren oer it ferbetterjen fan de rûte Dokkum – de rest fan de wrâld . Mar dan stiet it oant no ta twingende CDA mei de hannen omheech mei de rech tsjin  de muorre. En dan leit it oian harsel;s at se ek meigeane op it steatejacht. Mar at je meigeane mei de PVV dan kin je ek mei in Grien Linkse as yn see gean.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s