Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

31 03

Hjoed nimt Peter de Jonge ôfskied as boargemaster fan de gemeente Hearrenfean. Hy kaam dêr yn 1993. Dik 17 jier . Poeh. En wit jim wat it slimste is, noch kinne we him net. Pas no’t er fuortgiet bin’k yn syn ferline sneupen gien. Wit jim dat dy man avontuerlik wie? Nee he. Soenen jo no net mear sizze. Mar hy hearde ta de earste hûndert ynwenners fan Almere. Hy wie dus pionier. Hoe ist mooglik. En hy studearre, mei sukses ek noch, taal en letterkunde. Hat er nea wat mei dien. Want der wennen sa’n bytsje minsken yn Almere, dat hy waard wethâlder, ha’k ek nea witten. Doe waard hy landdrost yn de polder wer’t Almere yn lei. ‘k Wit net iens mear wat foar polder, mar yn dy polders sieten  landdrosten, figueren sawat tusken boargemaster en KdK yn, dat fulden se sels sa’n bytsje yn. Dernei waard hy boargemaster fan Halsteren, en yn 1993 fan Hearrenfean, dat krekt wekker begûn te wurden nei 20 jier sliepen.

It woe my eins net oan, neat ten neidiele fan Peter de Jonge begryp my goed, in hiele aardige, noflike man. Ik sjoch him noch sitten, op jûnen as der yn de doarpen of Hearrenfean diskussieerd waard oer dingen, polityke diskusjes, dan sjoch ik him noch dreamerich earne yn’e seal sitten, foel net op, manifestearde him net. In flaue laits om’e mûle, krekt as wie hy hiel fier fuort. En as je him dan al wat fregen kaam hy mar my muoite út’ e wurden, krekt as hie der helemaal neat heard, en hy liet frij dudlik merkbite dat er der ek gjin sinne oan hie, dy diskusje wie fan oaren. Tink no net dat it in  boargemaster wie fan it linteknippen, dêr koe hy helemaal neat mei, at er echt ien reden is werom at er net mear wol, dan is dat ien. Hy kaam altyd hiel ûnopfallend binnen, wylst er wat iepenje of slute moast, hy foel net op. Hy hie ek noch it ûngelok dat Hearrenfean him tanksy Thialf en tanksy SC Hearenfean profilearde as in sportstêd. Peter de Jonge is gjin sportman, hat der helemaal neat mei, siet somtiden ferwezen op de tribune. Hy lit him de lêste jieren mear liede, at oaren stean geane, giet hy ek stean en at se klappe dan klapt hy ek. Mar set him net njonken guons fan de tsjinstander, dan klapt er dêrfoar. Hy hat it ien kear bestien om nei in kampioenskip fan in fjirde klas tafeltennisteam te gean ,wylst Hearenfean de Champions Leauge helle mei in twadde plak yn de kompetysje.

Mar hy moat in goede boargemaster west ha, want Hearrenfean is yn dy 17 jier aardich omheech keutele. Hy wist safolle fan alles, dat er suver tidens riedsgearkomsten kribbich waard as oaren net alles wisten.  Mar foar him waard elk jier mear itselde as it foarige jier. Dat hebben we toch al gehad. Hy sollisiteerde ien kear dat we witte en waard twadde, yn Terneuzen. Hearrenfean makke him net drok dat er fuort woe mar ek net dat bleau. Hearrenfean makke him no ek net drok oer dat er fuort giet. De man rint net ien yn it paad, en hy rint net te triuwen.  Se krije yn it Hearrenfean no in hiele oaren, dy sil se sjen, hearre, dy triuwt wol. Elk hat sa syn eigen styl. Peter de Jonge  is der gewoan en docht syn wurk. Punt út. Mar miskien  is it wol tekenjend dat hy no adfiseur wurde wol fan oerheidsynstellings, in eigen bedriuwke. Yn in tiid dat oeral sein wurdt, we moat ophâlde mei dy djoere buro’s , we kin it sels wol. En dan  sille we dus nea wer fan him hearre. En dat fynt er ek wol goed.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s