Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 04

Skoalbern stake hjoed yn  Nederlân tsjin dat de  simmerfakânsje werom brocht wurde sil fan 7 wike nei 6 wike. Dat liket my as learling dy’t sneontemoarns noch nei de middelbere skoalle moast, net logysk. Sju, ik bedoel, se begjinne yn septimber wer, dan ha se earst twa wurkwiken, gesellich. Dan in pear wike om kennis mei elkoar en it ûnderwizend personiel te meitsjen, dan is it hjerstfakânsje. Dan soe it dernei losgean, oardel moanne, mar ynienen komt Sinteklaas , moat je ek wat mei dwaan, dan mids desimber de dûnsfeesten yn it lang, no dat hat in tarieding nedich by de famkes, en dan krystfakânsje. Heal jannewaris, je moat fansels ek it nije jier wer mei in pear manifestaasjes begjinne. Tuskentroch efkes spijbelje en ski-e mei heit en mem, dan is it alwer foarjiersfakansje, Peaske en Pinkster , dernei op staazje, dan begjinne de eksamens al wer, en  dernei hat it gjin doel les te jaan want je bin slagge of sakke. Meast duorret de simmerfakânsjes sa in wike as tsien….. Mar goed der wurdt staakt.  Ja se stake net allegear, kristlike skoallen der mei se net stake . En eins is it it allinne mar in projekt fan gymnasiasten, mar dy moat echt leare, dy kinne net mei in dei minder ta. Mar, en dan blykt hoe wichtich at frijheidsgefoel is, no wolle alle oare bern ek stake, net om it ûnderwerp, mar stake smyt moai in ekstra frije dei op.

Mar de bern krij dus minder frij. Dat is goed ,want de bern kin ek folle minder. Yn Snits kin se net iens mear te swimmen yn it oerdekte swimbad. Ja dat swimbad is wol goed, mar de bepalende faktor foar in oerdekt swimbad doocht net, it dak is stikken. Dan soenen je sizze, dat hoecht it swimmen toch net te behinderjen. Mar miskien dondert it dak aanst wol yn it swimbad en dan moatte dy bern dy’t der ynlizze alderheislikst hurd fuortswimme, as wienen se Inge Dekker, oars sitte se yn de tsunami. Dat dak kostet 40.000 euro. Oke , oke, Snits hat der noch fjouwer earme gemeenten bykrige, mar wat is no 40.000 euro. Deune Snitsers.  En dan is in sintsje út de begeliedende brief weroer hjoed praat wurdt yn gemeenteferbân opmerkelik: Hieltiid mear minsken kieze der foar om mei moai waar yn it bûtenweter te swimmen, bygelyks de Potten. Da’s de saak omdraaien fansels. Der waard eartiids ek swom by de Potten. Mar faak barde dat net omt it waar it net taliet. En dus is der in oerdekt swimbad bout. Net goed, want it dak dondert yn elkoar. En no it dak yn elkoar dondert hoopje se mar dat it sok moai waar wurdt, dat elkenien wol wer nei de Potten kin. Sa betelje dus je ynfestearings , jo sizze gewoan dat der wer yn  nije streaming yn de maatskippij is.

No dan rui ik al dy Snitsers op, en stap hielendal yn wat nijs. Hup jongens hjoed allegear nei de Hege Gerzen yn Aldemarrum , dêr bin de earste lessen fuotgolf op Fryske boaijum. Fuotgolf? Fuotgolf wit jim dat net. No fuotgolf  is in kombinaasje fan fuotbal, golf en midgetgolf. Wat we ús derby foarstelle moate? Ik soe it net witte. Je golve, mafr ha gjin stok, je ha je foet. Je skoppe tsjin dat baltsje. Mar dat is in hiel ein op sa’n 18 holes golfbaan, dus dan doch je it yn it lyts, mikro. De swierrigheit is dat lytse baltsje yn dat lytse gatsje te skoppen. O, dan dogge se fansels in grut gat, en ha je ek in grutte bal. En dan mei effekt yn sa’n gat. Guttegut, wer sa’n spultsje foar jongens dy’t goed mei de bal binne. Hakkenkrukken en famkes stean  wér oan de kant. Want se kin net nei skoalle en net te swimmen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s