Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 04

Hoe fier is it eins mei de gearstalling fan it Fryske kolleezje fan deputeare steaten. We heare mar neat. We heare hielendal neat. Ja, Piet Adema sil fannewike noch wat ûnbegryplike sifers rûnstruie oer wei en spoarferkear, no dat moat dan oanjaan hoe goed at hy it dien  hat. Mar dat is itselde ferhaal as in fuotbaltrainer. Gertjan Verbeek helle mei Hearenfean fjouwer kear europeesk fuotbal. Prima. Mar doe sei er immen, mar it materiaal wie miskien wol goed foar de Champions Leauge. Jo witte dat net. At de sifers fan spoar  en wei goed binne, prima, mar miskien hiene se wol better west at Konst it dien hie.

Want Konst naam de portefeuille fan Andriessen oer, mar hie’t mkiskien  mei oare dingen wol better dien. We witte it net. En derom soe’k wol wat heare wolle. Wer tinke se oan. Hoe giet it. Kin se wat mei elkoar. Prate se goed. Hoe tinkt Sjoerd Galema oer de Fryske wrâld. Of sit er op syn twadde  buorkerijke, no ja buorkerij yn Ruslân te kniezen oer it begjin fan dit jier. Dat er sa moai foarop rûn. Dat it CDA yn Fryslân folstean koe mei syn kop en syn namme: Sjoerd. En doe op it hichtepunt waard er werombelle út Nij Seelân. Ik ha der lang oer neitocht en hy sei lêsten noch tsjin my dat der in soad bart wie, mar it moat echt sa west ha dat syn eigen partij him hjitten hat werom te kommen en ferantwurding fan syn dieden ôf te lizzen yn de steaten. At Jorritsma skille hie hy sein, it giet jo net oan. At Jannewietske skille hie er syn, ja leave ik snap dast my net leuk fynst, mar ik kom net earder wer werom. At Tineke Schokker belle hie, hie er sein: nee. En at Lense Koomans belle hie hie er sein fan wa bin jo eins. Dus hat Ad van der Ham belle, it kin net oars. Van der Ham jierrenlang  de fraksjefoarsiter fan it CDA, frjemd genôch nea oproppen foar deputearre, mar miskien wurdt dat no wol dudlik. Van der Ham is no fuort, hoegde net wer, mar Sjoerd moat troch.  En kniest. Wat stom dat ik dêr oan tajûn  ha. In byld fan swakte, oanskodde troch de LC en Omrop Fryslân. Dat hat it CDA de kop koste.

En no bepaalt Konst it, en Konst wie sa ynnaam mei it priizgjen fan syn dudlikheid, dat er no ek dudlik wie, want eins is dit ek al it einbod, hy doart no ienris net yn see mei de ûnwisse faktoaren SP en D’66, hy kin dus  Sjoerd net definityf yn  Ruslan litte. Net in links kolleezje mar in linksich kolleezje. Jehannes Kramer hat hjir tsien jier nei snakt, is ree ta in soad konsesjes. Grien Links is ferrast, mar komt al aardich mei it boarst foarút. Want it draeit no om it folgjende, Konst hat it harren goed yndruid. We kinne as provinsje net safolle mear, se wolle ús aanst wol kwyt.  Mar wer’t we wat oer te sizzen ha, oer de yndieling fan de romte, it lânskip, de wize werop we mei de natoer te set geane, it byld fan Fryslân, kij , blommen en fûgels yn it lân. No en dat byld wurdt yn de besprekkings no makke. Soks  moat de measte Friezen ta tefredenheid stimme. Mar we wol sa graach wat witte. Fertel it ús no.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s