Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 07

Moarn . Of goemoarn diskear leaver. Want ik wol’t wol efkes echt oer moarn ha, ja sneon, moarn. Dan begjint om twa oere de krústocht op wei nei Kulturele Haadstêd 2018. Jim witte wol, Fryslân wol yn 2018 kulturele haadstêd wurde fan Europa. Ja fansels, New York is sawat like grut as Fryslân, mar dermei is Fryslân noch net in stêd, seker gjin haadstêd. Ja seurkonten, Fryslân hat alve stêdden, mar ek dat binne gjin haadstêdden, sels Ljouwert net, mar de doarpen Hearrenfean en Drachten yn elk gefal wer wat mear as Sleat en  Hylpen. Nee, ik bin juster tafallich troch de greidhoeke riden, en ik moat sizze hiel moai, hiel moai, fantastysk, mar ik ha net in moment it idée hân dat ik troch de kulturele haadstêd fan 2018 riedt. Absoluut net. Kultuur, ja, rûnom, neat oars as allegear eigen kultuur, mar haadstêd, sintrum, dy gedachte, ik kin it yn hiel Fryslân net fine.

En toch begint it dus moarn al. Ik neamde it de krústocht, sjoen ek it dat it noait wat wurde sil, mar it hiet offisieel De Reis. De Reis 2018. Dy Reis begjint yn tsjerke. Ja, der kin je wol oer seure, werom begjint it no wer yn tsjerke, mar tsjerken ha it al sa dreech , dus net eamelje, moai dat dêr ek noch reizen begjinne kinne. At se der einigje is it meast in begraffenis. Allinnich it giet moarn ek oer de kulturele haadstêd en dus moat earst Jannewietske de Vries, de no noch deputearre,  wat sizze en dernei Henk Keizer, de man dy’t de kulturele haadstêd boue moat, want dy is der ommers noch lang net. Henk hiet offisieel kwartiermakker, de militaire term, want dat bin ek de soldaten dy’t no al yn Kundus binne, kwartiermakkers. No dêr ha wy dus ien fan. Henk. En Jannewietske hoecht noch krekt net te sizzen dat it budzjet foar kulturele haadstêd oanmerkelik nei ûnderen gean  sil yn it nije kolleezjeprogramma. Dat giet der nammentlik fan út dat at Achmea no betelje kin dat Bill Clinton en Hans Wiegel op 28 maaie nei Achlum komme, en soks kostet echt mear as in segaar, dan hinget der yn 2018 noch wol wat. Jannewietske en Henk dus.  Dy dogge it moarn net yn tsjerke. Dan kin de prinsipiële minsken fuortgean of sawat. Mar wol lêstich hear, je sitte lekker yn de Open  Hof yn de Van Saksenstrjitte yn St Jabik, en se fertelle wat en dan  moat je ynienen nei de tsjerke, net samar in tsjerke, nee de Groate Kerk, en dy stiet oan it Oosteinde, it duorret in oerstallich heal oere dat de lju ferskoot wurde moatte, wat in tiidfergriemen.

Mar dat sil wol wer komme omt de Reis 2010 begjint met in crossmediale act. Wat soks is wit we net, mar der heare fêst gjin offisiële taspraken by. Regisseur Tsjerk fan Yde en Emmy begjint gewoan, en wy litte it oer ús hinne komme. Wy sjogge de kuier fan in kuierder, in pilgrim, ek dat hy syn libben oertinkt.  In pilgrim? Yn Fryslân? Hjir ha nea pilgrims west. Wy Friezen giene dochs sels op krústocht, tuten op’e weromreis de hân fan de paus en kamen tús mei moaie kristlike ferhalen dy’t it doe wurdich wiene om ferteld te wurden oan de kampfjoeren yn de kulturele haadstêd fan Europa. Mar pilgrims yn Fryslân, dy’t je tsjinkomme op de Reis 2018? Ik wit net.  De lêste pilgrim hjirre wie miskien wol Bonifatius. Mar dy krige yn Dokkum net iens de tiid om syn libben te oertinken, lit stean om der oer te fertellen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s