Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 04

It wurdt tiid dat ik jim in tige yngewikkeld betiizjend juridysk probleem foar lis. Want der wurdt ien dizzer dagen, miskien hjoed wol, de útspraak ferwachte fan dat probleem troch in hiel aparte keamer fan de Ried fan Steate. Sa apart, der komt hast noait ien, mar inkel, inkel, at der in hiel yngewikkeld probleem is dan komme der allerhande âlde wize bebrilde mantsjes út ferskate hoekjes, dy sjouwe grutte stapels wetboeken op de skoudekes, nei de keamerke en dan gean se sitten te tinken.

It probleem: Der wie in kampinghâlder op Skylge, ¾ fan de Fryske jeugd hat ea op dy kamping sopen , fretten en sliept, dan wit jim wol wa’t it is. No, dy kampinghâlder krige op in fakânsje of sa, of op in oare wize, dat wit we en dy âlde mantsjes net, krige tsien edelherten. Asjeblieft. Tankewol. Hy sette se yn in autootsje , no ja sa’n buske wer’t tsien edelherten yn sitte kinne, luts de gerdyntsjes ticht en riidt nei Harns, dêr op’ e boat, heu heu, bist der wer, en dan nei Skylge. Hy riidt nei hûs, brocht stiekem in koekje yn it weintsje en siet te tinken wat der mei de bisten moast. No ja jo bin kampinghâlder en krije ¾ fan de Fryske jeugd op besite, dan is it net goed dat der in buske stiet mei tsien edelherten, dus yn de nacht riidt hy mei it buske nei de Skylger boskjes en liet se los. In geweldige natoerferriking foar Skylge, as kampinghâlder doch je dan je plicht. No falt der troch dy âlde mantsjes miskien net daliks rjochtstreeks , direkt te bewizen dat it sa gien is, mar de kampinghâlder hat it jûns by de iepen  hurd ferskate kearen ferteld , tefreden oer syn eigen wize fan hanneljen.

No ja en doe kamen wy yn byld, ik bedoel wy setten de edelherten yn byld, no ja dan begjinne de boskjeswachters te seuren, dy wol sels bepale hoe edel de natoer is. En doe ruiden dy de boeren op Skylge op en ynienen wiene dy edelherten besmetlik, en soenen der geweldige stapels skiep  en kij edel dea gean. No ja at it safier is grypt de oerheid fansels yn. Earst waarden dy boskjeswachters mei in netsje it bosk ynstjoerd om dy bisten te fangen, mar dy boskjeswachters ha noch nea út de jeep west, dus dat waard neat. Doe hat de oerheid jagers der hinne stjoerd. Poef poef, poef, en fuort wiene de edelherten, ik ha dizze winter by it Krystdiner noch hertefleis iten op Skylge. Lekker.

Mar no komt it. No ha dy jagers 25 euro de oere krige, en dat moat neffens de oerheid dy kampinghâlder no betelje. Dy skrok fan it rekkentsje, in heale ton. En dy sei, jim betelje in  jager op Flylân in tientsje en hjirre 25 euro. Dan hie’k it sels wol dwaan wollen. Mar ik mocht myn eigen grap net oplosse. Dus ik betelje net. No ja en dy saak , dêr sitte de âlde mantsjes no op te stinnen. Yn dat keamerke. Sil we dy âlde mantsjes wat stypje. No.

At der yn de strange winter fan 63 in edelhert oer it iis nei Skylge kuiere wie, dan hienen der no noch edelherten op Skylge west. En dan wie der net in skiep of ko dea gien, dat bin fan dy stomme ferhalen fan dy grize sokke lju, dat soks barre kinne soe. Mar at dat wol bard wie, dan hie de oerheid dy edelherten ôfsjitten. No, sa mar âlde mantsjes. O ja, dy kampinghâlder moat fansels wol in boete ha foar it sûnder tastimming taksiriden mei tsien edelherten en dêroer ek noch laitsjend te ferhalen by de iepen  hurd.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s