Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 04

Normaal is bistedei, dierendag, op 4 oktober, mar Fryslân docht it wer apart, oars en eigensinnich en hat bistedei hjoed , 13 april. En je moatte der ier by wêze, aanst om tsien oere is it allegear al foarby. It begjint yn it Ljouwerter natoermuseum. Der komt om njoggen oere in frachtwein oanriden , dy komt fan Ingelân. Der sit in spin yn. In heule heule  heul dikke fize fette grauwe spin. De rillings gean my al oer de rêch, ik bin benauder foar spinnen as foar froulju. Dizze grutte spin docht tinken oan de spinnen dy’t  prof. Forster yn het boekje In memoriam de Schaduw fan Havank kweekt hie, neidat er syn dochter al Aranea neamd hie. En de spin dy’ t út de Ingelske wein komt is noch griezeliger as Forster syn bisten, want it is in gefaarlike Sydney tunnnelspin mar dan trije meter grut. En it beweegt allegear. En fanôf oare moarn kin jim dat ferskriklike monster yn it natoermuseum sjen. Ik ha de bernsbern al bidden en smeekt om net mei te hoegen. Mar inkel al dat sa’n bist hjir omtoarket. Huuh.

No ja sa slim is it dus net, it ding , in robotspin beweegt op luchtdruk, it wurdt op de kompressor oansletten. It skynt unyk te wêzen, yn Nederlân allinne yn Ljouwert te sjen. Mar ik hoech er noch net hinne. Wat moat in spin, ek noch in robotspin op luchtdruk yn in Fries natoermuseum. Yn de Fryske natoer bin inkel  spintsjes fan heechút fiif sentimeter dy’t gjin mins kwea dogge. Fierder hoege der gjin spinnen yn in Frysk natoermuseum. Stjoer dy wein mar wer werom.

In  healoere letter ûntbleatet wethâlder Houkje  Rypstra fan Tytjerksteradiel in wyldspegel op de Ottemawei yn Hurdegaryp. Fan de lytse 200 reeen yn Noardeast Fryslân wurde jierliks in stik as seis oanriden , en bin dan dea. De auto as predator. No bin der sat autoriders dy’t tinke dat der dus dan sa’n spegel pleatst wurdt opdat de autorider de ree sjen kin. Nee. De ree giet foar de spegel stean en salang at der autoljochten yn te sjen binne, stekt de ree net oer , mar stiet him- of harsels te besjen. At der gjin ljochten mear binne kin de ree har of himsels net mear sjen, en dan draaft er troch it oare boskje yn. It klink frjemd yn de earen mar it is sa. Nimmen wit hoe’t se it leart ha, eartiids wiene der gjin spegels, mar it is wol sa. Houkje pleatst spegels en no stjerre der aanst gjin reeen mear. Oer tsien jier ha we yn de noard east hoeke te folle reeen en wurde de spegels der wer weihelle  want oars is der gjin predaasje. Set se dan no ek mar net del.

No en at de spegel dan stiet , dan  gau gau nei Harns want dêr stapt Lenie ‘t Hart op’e boat, Nee Lenie is gjin bist, Lenie hat in mantsje mei in seehûntsje. Dat docht Lenie wol faker, mar no is it spesiaal: in swart seehûntsje. Ien mei in wat swierder pigment, mar as je goed sjogge gewoan in oarskleurich bist. Dy’t as er aanst loslitten wurdt gjin inkele kâns hat fansels, oarskleurige bisten ha dat no ien ris net. Mar by Lenie stiet altyd alles yn it teken fan it opkwikken en wer loslitten fan seehûntsjes, dus dizze giet mei in parseberjocht it skip op nei syn losplak Skylge. Op it Waad bin gjin wyldspegels. Dach seehûntsje. Dach Sydneyske robottunnelspin. Dach reeën. Sis mar tsjin Lenie, Houkje en dy lju fan it museum dat de natoer net mei parseberjochten yn stân bliuwt.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s