Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 04

Hjoed om healwei alven is der in grutte demonstraasje foar de gebou fan wetterskip Fryslân. Smiten froulju mei de jongste bern efterop de fyts ride nei it wetterskipsgebou yn Ljouwert en ûntrôlje der grutte spandoeken. Derop stiet: Jou ús ús jild werom. Wat fan ús is, is fan ús. It sil benammen froulju wêze omt de manlju it net wichtich fûnen. Mar de froulju dy’t har yn de hûshâlding mei de beurs dwaande hâlde, ha nei oanlieding fan in berjochtsje yn de Ljouwerter Krante fan sneon dizze demonstraasje troch set.

Frjemd , at it risseltaat goed is, lytse berjochtsjes, is der tekoart: grutte stikken. Dus dit wie in hiel lyts berjochtsje: wetterskip Fryslân hat yn 2010 2,9 miljoen oerhâlden. No liket dat net bjusterbaarlik folle, mar as je dan ek noch witte dat der in tekoart komme soe fan 2, 8 miljoen, dan betsjut dat dat it wetterskip 5,7 miljoen geunstiger draait  hat as at soe.

Ferbazingwekkend. Ik wit dat it haadbestjoer fan it wetterskip drege lange sittingen hâlden hat oer besunigingen. Mar dat wie yn de rin fan 2010. En dat se yn datselde jier al safolle better draeit ha, dit wetterskip is útsonderlik. Wer demonstrearje dy froulju eins oer.

Amehoele, sizze de froulju. It wetterskip hat altyd sein: stiging seespegel witte jim wol, jim bruke tefolle CO2 dat moat wy wer oplosse mei hegere diken. En we ha no mear muskusrottejagers as muskusrotten , mar likegoed moat we dy hanthavenje oars komme der wer mear muskusrotten. En fierder moat we der foar soargje dat de boeren alle dagen mei de sokken oer har eigen lân rinne kinne, sadat de fûgels fuortbliuwe en it gêrs waachst. Dat moat wy allegear betelje.  En dan seinen se ek noch: mar we sil sa sunich mooglik dwaan, hear, en jim moat dan wol hieltyd mear betelje, mar wat minder mear as at wy en jim miskien wol tocht  hienen.

No blykt dat se yn2010 intal subsydzjes net betelle ha, nimmen seurde, dus dat hoecht ek net wer. Der bleau ek jild oer omt der fanwege winterwaar net hieltyd wurk dien waard. No ôfroune winter frear it al yn oktober  en dat die’t oant en mei maart , dus dy wetterskipssuertsjes ha wer net bûten west. Net ien seurde en moai noch mear jild. Boppedat mei hjir yn Fryslân nea wurke wurde at der aaien lizze, net at de planten waachsje en seker net at der rekreanten binne. En dus kin der allinne noch mar yn septimber wurken útfierd wurde, dat skilt al mei al ek in soad.

Dy froulju wolle no nei dat we 16 reorganisaasjes meimakke ha, der wûnderbaarlik moaie gebouen foar de wurkers ûntstien binne, se moat dochs earne sitte at it friest, neidat wy dat allegear betelle ha, de froulju wolle no dat it wetterskip dy sinten oer 2010 werom  betellet. 5,7 miljoen dield troch , gokje 250.000 minsken dy’ t wetterskipslêsten betelje, is efkes rekkenje, yn lytse 20 euro de man , hâld it wetterskip ek noch 7 ton oer. Kin se moai dat gemaaltsje mei betelje om dat Grinzer wetter fuort te krijen. Dat is toch reedlik? Ik fyts der ek hinne. En der moat fole mear manlju hinne. 20 euro, da’s  sa’n 8 pilskes. Of ien kear nei Hearrenfean. Of…..wat in kloatebedrachje. De frou kin der net iens foar nei de kapper.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s