Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 04

Jûn fergadert de Feriening fan Fryske gemeenten. Dat dogge se by Van der Valk yn Snits, al dy boargemasters wolle ek wol in kear in nije kroech besjen. Mar der ha se gjin tiid foar, no ja it ledegearkomste gedoch litte se oer har hinne gean, da’s rinnend spul, mar dan komt perfesser dokter Rinus van Schendelen. Dy is heechleraar oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Neffens it skriuwen fan de FFG hat Van Schendelen mear as 30 boeken en hast 200 artikels skreaun  en mei dus in  autoriteit op it mêd fan politike fraachstikken neamd wurde. No ha se dy sin  rjochtstreeks fan wikepedia helle, mear stiet der ek net. Mar ik bin yn elk gefal in kloat , ik hie noch nea fan de man heard, en dochs al 40 jier dwaande mei it folgjen fan polityk. Wit jim wat noch ferwunderliker is dat we noch nea fan him heard ha , dat is it ûnderweop wer’t er jûn oer te set sil: Een kloof tussen burgers en overheden? Fraachteken. Ga er omheen met de Friese methode! Utropteken . Frjemd  , dat der in kloof is hoecht gjin fraachteken by, dat is sa. Mar dat der in Fryske metoade wêze  soe, der ha’k wol in fraachteken by. Der ha se my nea wat fan ferteld, sterker ik ha noch nea fernaam  dat immen ûntkaam is oan de kloof, de kleau.

En no sitte der jûn de boargemasters. Dy slagge it miskien wol op, mar dy lizze harren riedsleden net út hoe’t se it better dwaan kinne. En dat soe moatte. Dy kleau is ek in kleau fan riedsleden. Ik pak gewoan de riedsstiken fan Dantumadiel der by, dat is ek jûn. Dus Aalberts is net yn Snits. Dy harket nei Gerben Wiersma fan de Christen Unie, dy’t útleit  dat der wolris bandsjes spylje yn It Badhûs yn de Westereen, en dat dy bands optrede mei kwetsende, agressieve, haatdragende, sadistyske, seksueel choquerende en  godslasterlijke útspraken en titels. En wat it allerslimste is, dy titels stean soms ek noch op de webside. No dat woe ‘k wol sjen,  mar dêr stie net mear op as dat der in klippresentaasje is fan de Hûnekop en de Jarretank, dus soks falt noch wol ta. Nee, seit de ChristenUnie dat falt net ta , de gemeente Dantumadiel moat tenei frij wêze fan diskriminaasje en anti humanisme, kwetsende útlittings, oanset ta haat en geweld, striidigheid mei algiemiene moraal en algemien belang, godslastering en aanstootgevende aktiviteiten. Aanstootgevend da’s gjin kriterium,  dat bepaal je sels. Kwetsende útlittings. Ik bin altyd hiel bot kwetst dat der fan dy lie oan de doar komme en sizze dat se in boadskip foar my ha. Ik ha lêsten frege wat se sizze soenen at ik oan harren doar kaam en siz dat it atheisme it moaiste leauwe is. Dat woenen se leaver net, seinen se. Mar wol bepale wol wat myn algemiene moraal en belang wêze moat.

Ach , fansels, it mei allegear wol. En as der werklik misstannen wêze soenen, moat je dat miskien wol sizze. mar handiger is om mei in tal riedsleden  fan de oare partijen der ris hinne te gean. Net offisieel diskusieare, mar efkes noflik prate. En dan kin je guon  lju opmerksem meitsje oer de gefolgen fan je wat je dogge. Neat mis mei, elk libbet yn syn eigen wrâld, it is goed ek ris wat fan oare geledingen fan de mienskip te hearren, mar ek wat lûden werom te krijen.. Da’s folle better as op hege toan de gemeente te freegjen om yn te gripen, en dat der allerhande feroardeningen makke wurde moatte. Prate, miskien moat ik wol sizze efkes lekker mei elkoar âldehoere, sûnder dat it fingerke omheech komt, en der dus respekt is foar elkoars miening. Hee,….. dat is fansels dy Fryske metoade..

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s