Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

21 04

Dizze wike waard ik yn in winkel wer ris yn it dútsk oansprutsen. Kan ich endlich auch fleisch bekommen, want ik behannelje moarns yn in genoeglik heal oerke mei de slachter alle ljippe- en skriezeaaien en Hearenfeandoelpunten. Dat kin we tenei ferjitte, Fryslân is wer fakânsjelân, en dan moat we ús wer netsjes opstelle, want blaasbaas Paul van Gessel fan Fryslân Marketing lit de oerheidsbazen konstant sizze dat it ús wichtigste bron fan ynkomsten is, en hoe soenen de slachter en ik soks no net leauwe. Dus doch ik in stapke efterút en hy foarút, sa ha we der beide it measte oan, ús eagen sizze ta dat we fan’t hjerst wer prate sille.

Fryslân docht ek noch hieltiid de stapkes foarút. Fannemiddei om ien oere stappe we op’ e Lemmer op de boat….., eeeh soad publyk, dus it sil wol in skip wêze, mar yn de toeristische konvokaasjes stiet altyd wer boot. Mar goed, as we dan op dat skip sitte dan farre we nei de Grutte Brekken. Der bin de rekreaasjefarwetters útbaggere en  dêr moat by stilstien wurde. Hiel Fryslân lei jierren lang efter op it eigen baggerskema, en no’t der as wylden oeral baggere wurdt stiet ús blykber noch hiel wat te wachtsjen oan polityke hotemetoten dy’t borreljend de baggerwurken segenje. En dit is spesiaal, want de rekreaasjefaart is der dan skieden fan de beropsfaart. At se teminsten net djipper stekke as 2.10. En at se wolle, want se meie bêst troch it grut farwetter, hear. Want, en dat is de grap, fan de Grutte Brekken yn de rjochting fan Spannenburg komme beide farwetters gewoan yn it Prinses Margrietkanaal út en moat se wer rekken mei elkoar hâlde, toeristen en echte skippers. Boppedat sitte dy rekreaasjefarwetters al tsien jier njonken it grut farwetter, dus ik begryp  hielendal neat fan dizze sjo.

Mar it kin noch slimmer, erger dus. Want as we de Grutte Brekken no wat snel ôfhaffelje bin we moai op tiid yn Noardwâlde, der barre trije djingen en it is ‘s nachts healwe alven pas ôfroun. Der iepenje se ien of d’oare digitale suil. Dat skynt it toeristyske summum te wêzen, wy wiene gek op wetter, sân , bosk fytspaden, ensfuorthinne, de nije toerist is gek op digitale zuilen. Want je wolle fansels al witte hoe’t Noardwalde derút sjocht. No reizgje der mar hinne, want  op it plein stiet in koepeltsje, en deryn kin je ferbining meitsje mei ynternet en dan sjen wer’t je yn Noardwalde in fytsbân pakke litte kinne. Dat wit net in Noardwalder, of mei  je neat freegje oan Stellingwervers. Hoe ist mooglik, wa siket dat no op yn in ynternetkoepel. Hat 150.000 euro koste, en at je je al realiseare hoe gau at bushokjes ôfbrutsen wurde, hoe soenen je dan tinke dat dy koepel oerein stean bliuwt. Ik bin al sa wurch en kom  net mear ta oan de toeristisch merk dy’ t der ek noch  hâlden wurdt en wer’ t alle bekende toeristische ynstellingen harsels presinteare.

Is der no net ien man of frou dy’t al dy toeristyske lju in kear ferteld dat it ienige wat Friezen dwaan hoege yn de rekreaasje : sa no en dan in stapke efterút en sa no in dan in stapke foarút. Mear net. Mar al dy ûnnoazele op de parse rjochte byienkomsten, dy’t nea rendemint ha, al dy domme ûnnoazele nijigheden wer’t net in minsk nei langet, ach sodemiterje dat jild dan daliks yn de Grutte Brekken. Dan ha dy baggermannen ek noch wat.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s