Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

22-04

Ut’ e moarnsdieze komt in krekt wat te dikke man op in krekt wat te lytse racefyts oankraskjen oer it tuilferkavelingsdykje. It bêste is der al ôf. Hy hat de helm wat skeef op, it swit rint him tappelings oer de holle. It Raboshirtsje bollet wat frjemd hin en wer boppe it swarte te strakke broekje. Hy trapet suver stadich, syn eagen sykje de folgjende toer yn it Fryske lân, wêr  hinget in kofjeflagge? Of siket er syn finisjlint?

In eintsje fierder leit wat wyld angelspul op de wal. De byhearende man sit wat oandien efter yn in fjouwer meterke polyester, dan bûgt er him  suchtsjend wer foaroer en lûkt ferheftich mar wat skokkerich oan de startkabel fan de Yamaha. Pfrrroem. Mear net. Wer oan it luchtslankje draeie, ticht, iepen. Alle knopkes omleech en omheech. Noch ien kea knipe yn de benzinebol. En wer lûke. Pffroem. Mear net. Je sjogge dat de angels op’e wâl har der al by dellizze dat se hjoed gjin fisk sjen sille.

By de helling komt de baas yn dikke swarte skipperstrui en lange broek , de sinne trillet fan lulkens at er it sjocht, fan de kraan, spuit op’ e grûn, draeit in sjekje, spuit nochris, stekt it sjekje oan en sil wer op’e kraan  klimme. Mar hy wurdt tsjinhâlden troch in fiif seis manlju en froulju yn sis mar ûnfryske simmerske outfit. Dy begjinne allegear te kweakjen dat hun boat skjinmakke wurde moat, ferve wurde moat, de moter moat neisjoen wurde, de liedingen moat wer oansluten wurde, en dan moat de kraan him er wer ynsmite, hjoed noch, mar leafst juster. De hellingbaas knikt freonlik, mar je sjogge dat er alle fragen alwer fergetten is at er op’e kraan stapt, hy spuit it sjekje út tusken it machteleaze groepke, dy aak moat him der net útdonderje. 

Op it strân wurdt in lyts jonkje fan twa omfier kegele troch in grutte swarte wyldhierige hûn. It bern raasd as in murd, mem , yn in wat te iepenhertige outfit foar de leeftiid komt besoargd oanrinnen. Mar foardat se by har jonkje is krijt se in bal fan fjouwer woest volleybaljende manlju yn it gesicht, en falt mei de ijsko’s dy’t se yn hannen hie yn it sân , dat rare striemen efterlit op har sa moai ferkleure hûdsje. Har man , trijekoart broek , sokken en sandalen noch oan, pet op,  sjocht nei de volleyballers je sjogge suver dat er oerein komme sil, mar hy dûkt wer yn elkoar, telider slein troch syn moardzjende soantsje en syn ferinneweare froutsje.

Op it terras sil it âlde echtpear toch mar in kopke kofje drinke. Se bin stadich kuiere,  hy mei in stok, sij mei de rollator. Eins kin it net mear, mar ja, se ha mar twa tegels tún en sitte dan fuort by de buorlju op’e stoepe. Se jouwe har del. Nimme foar leaf dat in taffeltsje fierder fjouwer jonkjes dwaande binne twa mokkeltsjes te fersieren. Se ha alle seis in mobiele tillefoan yn de hân en kommuniseare omraak mei elkoar en oaren. It taffeltsje oan de oare kant sitte fjouwer dútse manlju oan it bier en jenever. Trije fan elk per heal oere, de ferhalen oer Van Gaal golvje oer de taffeltsjes hinne. Nei trije kertier hân opstekken komt it famke yn superminirok oanrinnen, en stiet mei de fuotten oer elkoar, de kaugom mei de wiisfinger ferskouend yn’e mûle oer de minsken hinne te sjen en seit dan lytsachtsjend, twee koffie. In heal oere letter krije se de lije  kofje, de dútsers ha al wer trije kear sûpen hân , en it frommiske in klap foar de kont jûn. At se ôfrekkenje sille suchtet de âlde man hiel djip, en seit , 6.30 ? hear ik dat goed. Zeggu ? mompelt it famke en hâldt de hân op. Swijend leit de man 6.50 del en wachtet tweintich menuten op de weromkommende twa dûbeltsjes. En dan gean se wer nei hûs. Se witte it . De simmer yn  Fryslân is begûn.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s