Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 04

Hjoed stiigt wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert72 meterheech. Mar Isabelle hoecht net sa’n ein te klimmen, yn de Avero Toer sit wol in lift, hear . Se hat in hiel selskip efter har oanrinnen, mar dat bin moaie froulju lykas Isabelle wol wend. De earste dy’t efter har oanrint is in falkenier.  Dêr is wer sa’n wurd dat de allochtonen ferfrjemdet fan de Fryske taal. In valk is in wikel, dus soenen je sizze dat in valkenier en wikelnier wie, mar nee, dat is wer in falkenier. Goed, die falkenier hat in wikel by him en tegearre sille Isabelle Diks en dy wikel in foarstellig jaan fan The Beauty and the beast.  Tidens dy foarstelling sil Isabelle Diks wat ûntbleatsje. Kalm mar, of spitich , krekt wat jim wolle, mar se hâldt de klean oan.  Se ûntbleatet dêr net mear as in nêstkast. Op72 meterhichte. Net sa mar in nêstkast , nee in nêstkast foar in noardske falk. Echt, it is in soarte fan super wikel, mar yn it Frysk is it wer in falk, in noardske falk. Dy fûgeltaaljonges ha yndertiid dronken of dwers west. Of miskien doarsten se dizze wikel net in wikel te neamen want yn it Nederlânsk is it de slechtvalk. En dan  hie’t in minne wikel wurden, no dan hie dat ding je wol oanfleane kinnen. Boppedat praten dy fûgeljongens yndertiid latynsk en dan is it  in falco peregrinus , letterlijk valk met een grote grijns.

It is ek net sa’n aardige jonge hear. Hy stoart him op noch al grau útfallen fûgels, lykas tsjillings en smjunten, der docht der dan ien hiel hurde klap op en hup de smjunt is klear foar de wikellunch. It is ek in frij mânsk bist, fan mear as in hele meter en at er de wjukken úthat is de breedte dik oer de meter. It wiifke is grutter as it mantsje, no jim witte wat foar wylde mienskippen as it binne wer’t froulju baas binne.

De gemeente Ljouwert jout mei dizze nêstkast har fûgelbelied oan om mear fûgelsoarten yn de stêd te krijen. Noch in kear. De gemeente Ljouwert hinget in nêstkast del foar de noardske falk op72 meteryn de Averotoer om mear fûgelsoarten yn de stêd te krijen. Sucht. Sucht. Ja dat stiet yn myn tekst, oars hearre jim my net janken om safolle domhyd. Ach, dy nêstkast hinget dêr, en dêr komt net in noardske falk yn fansels. Stjoere jim dy dingen in bryfke, kom hjir mar yn Ljouwert? No dat dogge minsken al net, lit stean dat noardske falken dat dogge, boppedat kin dy in soad, mar net lêze. Mar stel, stel dat der oait sa’n bist komme sóe. Dan pakke alle lytsje fûgeltsjes yn Ljouwert harren rêchsekje en gean  fuort, ik tink nei Herrenfean. En der wie miskien noch hoop dat der oait ris tsjillings en  smjunten yn Ljouwert komme soene, dy dogge wer ôfberjocht. Mar dy noardske falk moat al frette, oars hat er neat te dwaan, want de aaien briedt der net yn Nederlân út. Ooh moaie poppe yn de bernewein, bam , ien klap en  de poppe is klear foar it diner.

Hoe dom. Sa’n noardske falk, libjend op de grins fan wetter en lân , tahâldend yn hege rotsen, brûke as byld om meardere fûgelsoarten yn Ljouwert te krijen. Ljouwert wat mei de bou fan de hûzen ûnder Himpens en Goutum ien fan de meast fantastyske skriezegebieten ferlern gean liet. De echte fryske fûgelminsken sitte optheden mei opienklemde tosken te sjen nei de stream fan rôffûgels dy’ t as beesten tahâlde yn de greidegebieten,(mar se meie neat sizze want jim de ljip, wy de rôffûgel) mar dan sil útrekkene Ljouwert ek noch sa’n enoarme wikel as foarbyld nimme. In tryste ôflevering fan the beauty en the beast.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s