Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 04

It is hjoed wer in hiel, hiel, hiel wichtige dei foar Fryslân. Want wy kinne fan alles yn Fryslân útfine , it jout noait wat, wy bliuwe sa’n 50 jier efter. Mar as je it wurd alvestêddetocht brûke kinne, of better noch Elfstedentocht , ooh dan springe we ynienen foarút, de hiele wrâld hinget oan ús , dêr kin we wat mei. Eins dogge we der te min oan. Je soenen net freegje en roppe moatte kom nei Fryslân, mar, gewoan kom nei de alvestêdderûte, en dan allegear rayonhaden, en sûkelademolketintsjes op’e kant, gooh dat wurket jong. En dan allegear sa’n Unoxmûtse op’e holle, ooh se komme as miggen nei de sjerp. Normaal sprutsen hiene we in lyts útnoeginkje krigen om hjoed nei Alde leije ta te kommen, der sil wat iepene wurdem en dan kaam de Bildtse Post allinne. Mar no stiet der , de slûs fan Alde Leie dy’t makke is om de noardelike alvestêdderûte befarber te meitsjen wurdt hjoed iepene. Ik wik jim, seis kameraploegen, hordes sjoernalisten, Fryslân stiet wer folop yn de belangstelling en op’e kaart, dêr kin sels in om him slaande Syb van der Ploeg net tsjinop.

It is noch frjemder, as je sjogge nei Fryslân as wettersportprovinsje, dat is elke sint dy’t je besteegje yn it Bildt of Achtkarspelen hûndert kear minder wurdich as je dyselde sint yn Starum op de dyk lizze. Wa wol no mei in boatsje yn St Anne lizze. Hokker wettersporter hat langstme nei Alde Leije of Wier. Je soenen der dea net lizze wole. Mar no’t it in ûnderdiel is fan de noardelike alvestêdderûte, ja no wolle alle boatjses dy’t der yn Nederlân besteane dy rûte farre. It wurdt in grut sukses. Fansels it is allegear beheind, der kin no eins noch net in kano lâns, en pas yn 2013 is it allegear wat breder en djipper at we sinten hâlde, en dan kin je at je sa’n 2.40 heech binne en 1.30 djip lizze dêr lans farre. Der bin minsken dy’t der spesiaal sa’n boatsje foar oanskaffe sille en harren krúser fan 2.80 en 1.50 djip oan de kant smite.

Dus moate we hjoed as de nije slûskes fan Alde Leije en Wier iepene wurde allegear klappe om it libben. O der is ek in taspraak, dy komt fan Kroes. Dé Kroes. Nee, dit is de projektlieder fan de noordelike alvestêddefaarrûte fan de ferskate gemeenten. Mar dan komt Jaap Keizer ek noch, dy is foarsiter fan de stjûrgroep. O en dan komt wethâlder Top fan it Bildt ek noch, it kin net op.

Aardich is fansels dat dy twa slûskes in spesiale namme krije sille. De iene slûs sil neamd wurde nei in bekende Fryske politika. No dan hoech je net lang te rieden. Alde Leie, it doarp wer’t in monumintsje stiet foar de froulike winners fan de alvestêddetocht, der wurdt it slûske fansels neamd nei Anita Andriessen. Moai. En fertsjinne. It slûske yn Wier sil neamd wurde nei in beroemd farwetter yn de alvestêdderûte. No ik nim net oan dat se derfoar it Moddergat en Wiersylsterrak de farwetters dy’t lâns Wier geane nimme sille. Nee dat, wurdt fansels de Blikfeartsslûs. Moaie namme he, Blikfeartsslûs.

Wat seit Henk Angenent. Wat seit Bob de Vries. Wat seit Jorrit  Bergsma. Slûskes. Nije keunstwurken.  Eeh, ja, der moat jim fansels wol om hinne klúne.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s