Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 04

In pear wike lyn waard de foarsitter fan de damklub, hy is dat leau’k al 25 jier, frege om op 29 april om tsien oere op it gemeentehûs te kommen om ris te praten oer dat damtoernooi oare jier oktober. Eartiids wie er der gewoan hinne gien, mar hy hat no lêzen dat de gemiddelde minsk mar ien kear yn de fjouwer en in heal jier op it gemeentehûs komt, dus wit er al dat er in lintsje krije sil. De hjoedeiske tiid hat it allegear stikken makke. Mar it slimste is dat dy man ynienen syn frou en bern dêr sjocht en de boargemaster mei in ketting en de oare bestjoersleden fan de damklub, en dan dochs noch seit dat er hiel fernuvere en ferrast is, en o sa tankber dat er it krigen hat. Al de lju dy’t fannemoarn noege binne op it gemeentehûs of sa, jim bin kandidaat om in lintsje te krijen, mar dan moat jim dernei wol efkes tonielspylje. Sa giet it mearke gewoan troch, fertaald sa popkje we ek noch hieltiid kwânswiis wat om mei dat oranjegedoch. It is in soarte fan fisieuze sirkel, de media besteegje der omtinken oan, dus gean der minsken foar sitten, hee der gean minsken foar sitten, dan moat wy der ek foar sitte, dan moat de media it ek moai meitsje foar dy bysitters en foardat je it witte sitte der 2 miljard minsken te sjen net in brulloft yn Ingelân, fan minsken dy ’t net ien kin. Der wie sels in kollega dy ’t in  mailtsje hjir by de Omrop ferstjoerde, wit jim ek immen dy’t gek is fan dat houlik. Ik tocht der is net ien Fries gek fan……, mis, ik leau dat der wol 100 kandidaten wiene foar Hayho Bootsma. We love the royalty. Echt gek.

En moarn allegear sjonge foar de boargemaster, optocht troch de buorren en dan foar de tillefyzje sjen nei dat der in gesintsje út Den Haag tusken spultsjedwaand folk trochkuiret en der, hoewol yn it trijedielich, ek oan meidocht, dernei de kroech yn , en joechhei roppend de dronkenskip yn. Er is er weer één jarig. Oranjeboven. 1945, 1956, 1967.1978, 1909, 2000. 2011, it feroare nea. Hoewol, it feroaret in bytsje. Je heare alsmar faker dat der hast gjin frijwilligers mear te finen binne om soks te regeljen, no dan bliuwe inkel de kroegen oer. Oranjebal.

Je kin je ek stikken laitsje om it gedoch, fannewike wie der earne in diskusje oer republiek of monargy, En deselde lju dy’t it sa om 1970 ek al dienen , stride no noch tsjin elkoar, Rimmer Mulder, de âld haadredakteur fan de Ljouwerter is republikein ,en  hofnar en boargemaster Bearn  Bilker is den Oranje Nassau getrouwe. Der bin noch hieltiid gjin oaren foar fûn. Bearn is wat fanatyker as de relativearjende Rimmer Mulder , dy’ t it ek goed fynt dat der minsken oars oer tinke. Want alle republikeinen ha har al lang by de monarchy dellein, al sûnt Bernhard net mear as syn uniform útdwaan moast, wer’t oare allochtonen it lân foar útsmiten wurde. Inkel at soksoarte dagen it gedoch wer begjint, dan wurde se in bytsje wrantelich. No en dan dat Ingelske gedoch derby hjoed, it bin wat swiere dagen. En fansels, stel Beatrix seit moarn dat Willem Alexander it mar oernimme moat, dan wurdt dy diskusje tusken Mulder en Bilker wer wat fûler. En miskien moat de midden wol keazen wurde, at Van Buren no in bytsje kinne soe, lit him dan mar, mar kin dat gedoch ek wat minder. At it mar net in Tillegraafdiskusje wurdt fan dy keningsgezinden oer keninginnedei of keningsdei. 

Mar hoe dan ek, daliks dernei komt de dei fan de republikeinen en arbeiders. 1 maaie. Eeeh ja dat komt no wat minnigjes  út , op snein, dan ha we al frij. Mar we gean toch wol yn de rige stean hear: by Hearenfean-Ajax

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s